1300 – 1500

De lette midsieuwen (1300-1500)

De partijskippen tusken de Skieringers en Fetkeapers fan om 1300 oant 1498, tagelyk mei de Heeckerens en de Bronckhorsten yn Gelderlân en de Hoekschen en Kabeljauwschen yn Hollân hawwe de frede yn de 14e ieu yn Fryslân fersteurd – striid net tsjin in bûtenlânske fijân, mar tsjin him sels – net om in earlike saak, “maar om gelijk te hebben, om zich te wreken over vermeende beledigingen en nederlagen.”

De nammen lykje te ferwizen nei it ferset fan it gewoane folk tsjin de riken. De earmen – it grau – neamd, hokker wurd oan ‘skier’ besibbe is en oan de kleur fan de klean ûntliend wêze kin, tsjinoer de wolstelden, dy ’t it ‘fette’ fan ‘e ierde genietsje. It is tagelyk in tsjinstelling tusken de oanhingers fan de frijheid (Skieringers) en die fan in sintraal bewâld (Fetkeapers). En der binne mear tsjinstellingen, lykas dy tusken: de ferskate adellike lagen; geastliken en liken; stêd en plattelân. De populêre oantekening dat de partijstriidfragen tebekgean nei de tsjinstellingen yn de belangen tusken de kleasteroarders sistersjinzers (dragers fan skiere=griize kappen) & premonstratinzers (fetweiders fan fee) fynt yn de boarnen gjin stipe. 1

Der binne wikseljende sitewaasjes. Sa moatte de Partijen yn 1345 út poere needsaak oer harren eigen skaad hinne springe en alle krêften mobilisearje, as in ynvaazjeridderleger fan Hollanners en Henegouwers ûnder greef Willem IV foet oan ‘e wâl set by Starum en it Rea Klif. De ymperialistyske greef hat de ekspedysje omraak taret: der binne mear as 400 kij kocht om it leger fan fleis te foarsjen en 800 siden sâlten fleis; der binne 100 bargen “in ’t lardier” sâlten en 77 skouders en 15 skinken tsjinje foar de tafel fan de foarnamen; der is 275 mud nôt ferwurke foar it bakken fan brea; de fiskers hawwe soarge foar 3 brúnfisken, 7342 kabeljauwen, 10 lêst bokking, 45 lêst hjerring en 45 tonne iel; der binne 500 fetten bier ynskipe. Foar de bou fan sterkten geane kalk, timmerlju, mitselers en opperlju mei. Der is gjin romte mear om hynders mei te nimmen.

It motivearde, striidlustige Fryske kriichsfolk behellet yn de Slach by Warns op 26 septimber 1345 in bjusterbaarlike oerwinning: de Fryske ‘gulden sporenslag’. It Hollânske leger fan 10.000 man wurdt letterlik troch har de Sudersee yn dreaun, achterfolge troch de Friezen dy ’t – ta oan de heupen yn it wetter steand – fierder stride en noch mannich fijânnen deade. It lytse oerskot oan ridders flechtsje nei de skippen, werom nei Hollân “sonder minen here den grave”, dy ’t op it slachfjild efterbliuwt. Greef Willem IV falt yn ‘e slach tsjin kriichshaftige Friezen, koart nei it sneuveljen fan in Fryske haadman, de Penjumer Van Lenneps Seerp van Adeelen; syn adellik lyk wurdt mei dat fan oare deftige hearen nei it novisehûs fan kleaster Bloemkamp fierd, dêr ’t rêste kin ûnder de hoede fan de H. Marije. 2

Fan de befolking yn de Lage Landen wenje der anno 1477 71.000 yn Fryslân (2.7%), dêrfan 78% op it plattelân en 22% yn de stêd. Yn Hollân 275.000 (10.5%), dêrfan 45% yn de stêden. Yn Penjum wennet op it “bolwerck” Seerp Lieuwes van Beyma. “Hij is een forsch en stout man, die groote daden heeft gedaan voor de verdediging van de Schieringers in Westergoo. Hij is in Workum aangesteld tot Regent, ter bescherming van Schieringers tegen Galema en andere Vetkopers”. 3

Yn 1485 hat Sikke Sjaardema – in foarman fan de Skieringers yn Frjentsjer – bargebiten mei de Penjumer Fetkeaper Douwe Hiddema. Seerp Lieuwes wurdt mei in leger en de Frentsjerter bus(kanon) op ‘e Hiddema stins ôfstjoerd. Under it belis giet Beima mei in part fan syn macht nei de Aylva stins fan Epo Aylva (“De griene Ype”) yn Wytmarsum. Ek dy wurdt belegere en ferwoaste. Juw Juwinga en Igo Galema geane mei in leger nei Penjum om de Hiddema stins te befrijen. Yn Penjum fynt dêrnei in fûleindige fjildslach plak, yn it neidiel fan de Skieringers en boppedat mei in bulte deaden. 4 In soad wapentúch en de Frjentsjerter bus(kanon) falle yn hannen fan Juw Juwinga. Seerp Lieuwes kin amper ûntkomme, hy is yn Penjum op 12 april 1493 ferstoarn. 5

In 1494 mislukt een belegering van de Beyma stins door Pieter Ropta uit Bolsward. Uit woede wordt de kerk geplunderd en de omliggende huizen in de brand gestoken. Op 26 juni volgt andermaal een belegering door Groningers met behulp van Bolswarders. Ze worden verslagen door te hulp schietende Franekers, er vallen 150 doden. In 1498 trekt een rovend en moordend leger onder Tjerk Walta in Friesland rond. Het leger bestaat uit niet betaalde ballingen bij de gratie van de hertog van Saksen. De stins van Sybth Tædes en zijn broer in Pingjum wordt belegerd en in brand gestoken. Er zijn veel slachtoffers, de kinderen krijgen een vrije aftocht.6

Yn 1500 – om de ieuwiksel hinne – binne neffens de monumintelist fan grutte bakstien de hjoeddeiske toer en tsjerke boud, mei ynwindich ‘trekbalken op sleutelstukken mei peerkraalmotyf’.  De tsjerke befettet earst bylden en yn 1769 in brânskildere rút (sjoch haadstik 18e ieu). De tsjerke is wijd oan oan St. Viktorius. De pastoar hat oan ynkomsten 120 goudgûnen (180 gûne); it fikarisskip 100 goudgûnen (150 gûne); in prebende 100 goudgûnen (150 gûne) en in twadde 80 goudgûnen (120 gûne). 7

Fuotnoaten:

  1. Vries, J. de, Het verhaal van Groningen, 1999, side 47
  2. Breuker, Ph., A. Janse, Negen eeuwen Friesland-Holland, 1997, side 103
    Algra, A., De historie gaat door het eigen dorp VI, 1960, side 97, 328-329
  3. Aa, A.J. v/d, Aardrijkskundige woordenboek, 1848, side 187
  4. Bakker van Popta, A., Pingjum vanaf het begin, 1988, side 14/15
  5. Aa, A.J. v/d, Aardrijkskundige woordenboek 1848, side 187
  6. Bakker van Popta, A., Pingjum vanaf het begin, 1988, side 14/15
  7. Aa, A.J. v/d, Aardrijkskundige woordenboek, 1848, side 187
Advertenties