16e ieu

1500-1600:

A. De Reformaasje – Minne Symens
B. Alderheljenfloed

A. De Reformaasje – Minne Symens

It âldste skriftlik stik foar belang fan de Penjumer Halsbân is it op 1 april 1504 opskriuwne ‘dijkrecht van Pingjum’, gearsteld troch inkelde foarnamen mei de geastliken yn it doarp. It stik neamt foarskriften en befettet boeterigels.

By in parochytsjerke heart yn ‘e midsieuwen in pastoar. Penjum hat der ek ien, mar boppedat in fikaris en neffens guon skriuwers sels twa oant fjouwer prebendarissen. Oan geastliken gjin gebrek. No telt yn 1521 Fryslân mei in befolkingstichtens fan 75.000 ynwenners dan ek mear dan 2.000 reguliere geastliken en ca. 50 kleasterynstellingen; dat is in grutter tal as earne oars yn de Noardlike Nederlannen. Ien fan de fikarissen, dy ’t yn 1524 yn funksje komt, is Minne Symens (sjoch ôfbylding 7).

afb. 7: Menno Simons
Ofb. 7: Minne Symens. Links: argyf J.J. Sieswerda

Minne Symens (1496-1561) is berne yn Wytmarsum. Syn heit komt út Penjum: “Myns Vaders dorp Pinningum genaemt”. Yn de Registers van den Aanbreng IV (1546) sizze:

“een Joucke en Lieuwe Sijmonzoon, naast een Jan, een Jacob, een Ysbrandt en een Gercke Sijmenzoon. Er wordt steeds verondersteld, dat Menno Simons ‘út boerelaech’ was. Dat kon ook bijna moeilijk anders in die tijd, al woonden er in Pingjum ook enkele ambachtslieden. Maar er is meer. Gaan we namelijk de Pingjumer Sijmonzoons uit 1546 na, dan zijn dat allen landgebruikers. Lieuwe Sijmonzoon staat zelfs voor 105 pondemaat genoteerd, Jacob voor ruim 47, terwijl Jan Sijmonzoon samen met een ander ruim 135 ‘beboert’. Het is natuurlijk niet gezegd, dat zij allen broers waren van Menno; er kunnen ook neven onder schuilen. Maar als Menno Pingjum het dorp van zijn vader noemt, kan het niet anders, of deze moet van bovengenoemde landerijen er meer of minder hebben bezeten. En dan is er nog iets. Waarom wordt Menno eerst vicaris in Pingjum en later pastoor in Witmarsum? Spelen hier oude dorpsrelaties een rol? In 1546 heeft Jan Sijmonzoon land ‘de Vicarie te Pingjum toecomende’ in huur. Natuurlijk vormt het bovenstaande geen bewijs, maar het geeft wel aanleiding tot de veronderstelling, dat de vader van Minne Symens een Pingjumer boer was. Waarom Minne toch in Witmarsum geboren is? Hiervoor zou men kunnen wijzen op de oorlogsellende, die juist omstreeks 1496 ook Pingjum zo teisterde.” 1

As yn desimer 1524 in plakprint oan de Penjumer tsjerke it befel útfeardigt dat alle ketterse skriften ynlevere moatte wurde, wegeret de ‘aangaande de leer van de mis en aan de kinderdoop’ wifeljende Minne dy ’t troch in útsuteler al yn it besit is fan in Nij Testamint en in boekje fan Luther:

“Mij viel een gedachte voor, soo menichmaal ich met den Broode en den Wijn in der Missen handelde, dat het niet des heren vleesch en bloede ware … Ick ondersocht de Schrift met vlijdt maar konde van den Kinderdoop geen bericht vinden”. By it oangean fan syn amt sil hy letter skriuwe: ”Het is geschiet anno 1524 mijns ouderdom 28 jaaren, dat ick mij in mijn Vaders dorp Peeninghum in der Papen dienst begeven hadde”. 2

Minne hat it yn Penjum net swier. De geastliken kinne it der wol ôf en sa no en dan giet it yn de pastorij hiel fleurich ta. De pastoar is in man, dy ’t net tilt “oan it swiere ein fan de balke”. 3 Minne Symens is sjoen en syn preken falle yn ‘e smaak. Hy is populêr – troch ien fan syn biografen letter opneamde eigenskippen: goed oardiel, natuerlike wolsprekkendheid, genôch fakkennis om ûnder net-ûnwikkelden en ûnbeskaafd folk foar wakker geleard, ja, foar in orakel troch te gean. Sels skriuwt hy: ”Ik was een prins in Babel, ieder zocht en begeerde mij, de wereld beminde mij en ik de wereld. Eerbiedig was mij alle man. Mijn woord triumfeerde in alle zaken.” Oer syn úterlik wurdt sein: ”Hij was een dyck, vet, swaer man, briecht van aengesicht und eynen bruyen baerdt, konde niet waell gaen.” Hy tekent sich letter: Menno Symons de Creupele. 4

Yn 1531 treffe wy hem werom oan as pastoar yn it neistlizzende Wytmarsum, “uit lust des gewins en begeerte eenes grooteren Naems”, wêr it op 31 jannewaris 1536 ta de breuk komt en hy “ongedrongen uit het pausdom” út de tsjerke giet. Earst nei 1540 komt er mei syn herfoarmingsideeën mear op ‘e foargrûn mei û.0. it wichtige “Fundament des christelijcken Leers”. 5 De reaksje fan it roomske Habsburgske bewâld op de feroaringen yn ‘e godstsjinstbelibbenis lit net op him wachtsje, troch it ynstellen fan de Ynkwisysje: boekferbaarning, ketterplakplaten, ferfolging en eksekúsje fan godstsjinstôffaligen.

Oan it ein fan de 16e ieu bestiet de Fryske befolking foar 20-25% út minnisten en sil de geast fan yn it begjin fan dizze ieu yn Penjum preekjende fikaris foargoed omdwale. Syn ferskate folgelingen út en fan alle wynstreken en kontinenten bringe noch altyd besite oan it achter in ûnopfallende foargevel fan in wenning skûljend meniste tsjerkje, de Fermanje (sjoch ôfbylding 7a, fotograaf: J.J. Sieswerda), dat yn 1600 boud is. De stifting fan menniste gebouwen datearret yn it algemien fan nei 1580. De prinsipes fan de mennisten binne ienfâld, it fermijen fan pronk en preal en gjin dielname oan bestjoer fan stêd en lân. De wetjouwing stiet de bou fan tsjerken ta, op betingst dat de fermoanjes net fanút de publike strjitten en gloppen te sjen binne en allinne fia in smelle steech berikber binne. Karakteristyk is it efterôf-bouwen en de ienfâldige ynterieur. 6

afb 7a: doopsgezinde Fermanje
Ofb. 7a: de mennistische Fermanje, Penjum (2015)

Wy hawwe net in bulte oanknopingspunten út de earste helte fan de 16e ieu oer de oanblik fan Penjum – of sa ’t it yn dy dagen noch faak neamd wurdt, Penjum of Pingjum – want út de 16e ieu binne gjin kaarten, doarpsgesichten en beskriuwingen bekend. Mar in pear oanknopingspunten smite de Beneficiaalboeken (1543) en it Register van den Aanbreng (1546) op, oanfolle mei wat gegevens út in inkelde kronyk. Nei de tsjerke hjitte de huzen yn de kearn ‘die kerckbueren’ en in wei nei it godshûs wurdt ‘de kerckwech’ neamd. En der binne mear paden: op syn âld Frysk wurdt der ien de ‘ghaelaen’ neamd, in oare kear ferdúdlikt ta ‘gae- ofte dorpslaan.’ Fierders wurdt der praat fan ‘die riedwech’ of ‘de olde rijdwech’, dêr ’t dus blykber op riden wurde kin, yn tsjinstelling ta  ‘de wech ofte cleen drifte nae Beckumma fennen’: in paad, wêrlâns de kij dreaun wurde. Mei de omlizzende doarpen is it ferkear mooglik troch ‘die heerenwech’. De boeren om Penjum hawwe in mingd bedriuw, want is sprake fan healân en bou. Ek de pastoar brûkt yn 1543 in kompleks lân, dêr ’t neamd wurdt, dat “sommige koegangen in den Groote fenne ende sommige stucken zaedtlandt (= bouwland)” wol by de pastorij heart, mar in oare hierder hat.

De lytse midieuwske maatskippij fan Penjum bestiet út boeren yn it fjild (Repckama, Aggama, Hiddama, Siouckama, Hanije, Andla, Waltinga, Brijontsma, Gratinga, Bonga) neist in protte dy ’t him ienfâldich Tiaerdt Sipkes of harren wenplak neame: Pieter in den Nes, Johan Dicxherne en inkelde doarpslju (Jacob Smit, Albert Coster, Jan Cremer, Maaerten Scroer) yn in doarpskearn mei noch mar in bytsje differensjaasje rûn tsjerke-en-toer, as middelpunt fan alles. Fierdersoan ek de stinsen Hania, Aggema, Hiddema en Adelen.

Yn 1546 fine wy yn Penjum boppedat in stee, dat mei begryp in ‘old bolwerck‘ neamd wurdt. Oer dat bolwerck ljochten sawol Worp as Petrus van Thabor ús yn en sa witte wy, dat it hjir giet om in ringfoarmige grêft en in wâl fan seadden om it hûs fan Seerp (Sywrd) Lywazoon “hou(v)elinc te Peningum opt bolwerck”, in stinsbewenner, dy ’t de famyljenamme Beyem draacht. Dit bolwurk is withoefaak it middelpunt west fan fûleindige fjochterijen, sa ’t gânsk Penjum de tachtiger jierren fan de 15e ieu oant 1515 by werhelling oarlochstoaniel west hat. 7

In dramatyske reportaazje fan sa’n stik boargerkriich jout Worp van Thabor. Begjin maart 1498 – dus flak foar hartoch Albrecht hjir syn gesach wit te festigjen yn Fryslân – belegerje de ‘feinten’ of soldaten fan de Fetkeaper hoofdeling Tierck Walta uit Tjerkwerd de stins fan de Skieringer edelman Sybeth Taedez (Thadema) yn Penjum. In protte fan de rykste boeren út de omkriten hawwe dêr weromlutsen, út eangst foar de feinten. De feinten wurde hjirtroch sa lilk, dat hja de stins bestormje. Hoewol de grêft droech is, slagge it net it hûs yn te nimmen. Want de stins hat tjsokke muorren en izeren duorren. Boppedat wurde der fanôf de stins stiennen nei ûnderen smiten. De feinten pleatse no in houten ôfdak tsjin it hûs, wêr ’t se ûnder skûlje kinne. Hjirtroch kinne sy in gat yn de tichtmitsele finster meitsje. Dêrachter is in bedstee. Troch it dêryn oanwêzige strie yn ‘e brân te stekken, sette se it hiele hûs yn fjoer en flam. De minsken yn de stins wolle har no oerjaan, mar it is al te let. De folwoeksenen ferbrâne foar in part, wylst oaren op ‘e flecht foar it fjoer nei ûnderen springe. De feinten fange har mei harren helleburden op en stekke en slaan har foar de stins dea, foar safier ’t sy dat noch net binne.

Worp van Thabor skriuwt:

Als sy dan saegen, dat sy steru(v)en mosten, ende datter gheen genaede noch barmherticheit was, soe lieten sy die kynderen bou(v)en vant huys met touu(w)en ende bonden huer veel silu(v)eren riemen off gordelen om, op dat die knechten(soldaten) dat silu(v)er solden nemen, ende laeten die kynderen leu(v)en;als sy deeden.8

De roomske preester Johannes Jetzes moat om syn herfoarme gefoelens Penjum yn 1567 ûntflechtsje. 9 Der ûntstiet ûnrêst ûnder de legere en middelgrutte adel, dy ’t yn novimber 1565 it inisjiatyf nimme ta it Verbond der Edelen. 10 It is in beweging fan protestanske en crypto-protestanske edellju, dy ’t godstsjinstfrede neistribje. It Verbond wurdt tekene troch de Penjumer Alef van Aggema, de bewenner fan it – troch pake Alef yn it begjin fan de 15e ieu boude en yn 1715 63 pûnsmiet en 10 einzen bemjitten – Aggema-slot. It komt him djoer te stean. Hy wurdt ferballe mei beslachlizzing fan syn guod.

Op 5 april 1566 komme sa’n 200 edellju út protte dielen fan de Lage Landen byelkoar, skaffe har tagong ta de lânfâdesse Margaretha fan Parma – in ûnwettige healsuster fan kening Philips II – en biede har it Smeekschrift der Edelen oan, dat in fûle ôfwizing befettet fan de Ynkwisysje en in ferhoald drigemint mei bewapene opstân as dit wegere wurdt. Even letter begjint de Byldenstoarm, it startskot fan de Tachtichjierrige Unôfhinklikheidsoarlog tsjin Spanje.

B. Alderheljenfloed

Op 1 novimber 1570 stekt in orkaan op út het noardwesten wei, folge troch springtij by nije moanne. Yn it kustgebiet tusken Flaanderen en Dútslân brekke op tal plakken de seediken troch. De Alderheljenfloed makket fan Fryslân ien wylde see. Men kin sûnder beswier rjochtút, rjochtoan fan ‘e Lemmer nei Snits farre. Der stiet 10 oant 12 foet wetter op it lân oan ‘e poarten fan Ljouwert en Snits ta.

Skippen slaan mei lading en bemanning oer de seedyk, yn Snits driuwt in widze oan mei libben bern en in kat. Der ferdrinke yn Fryslân 2892 minsken. Der is enoarm materieel ferlies oan pleatsen, húzen, fee, weet en iterij. It gefolch is krapte, stigende prizen en hongersneed. De Fiifdieledyk – rinnend fan it Bildt by Harns oant Makkum – ferwaarloasd en ferfalle, is it swierste troffen. Troch de fierstente folle gatten leit it lân iepen foar de see; in nije oerstreaming yn 1573 is it gefolch. Op ‘e nij gean folle fjildgewaaksen ferlern, yn de winter dy ’t doe folget is it wetter yn ‘e Ljouwerter grêften noch sâlt. Nei dizze lêste floed foarmet de Spaanske steedhâlder Casper di Robles in kommisje. Alva leit de binnen/bûten Slachtedikers Fl 260.000,- en de dykleaze gemeenten Fl 40.000 belesting op.

Op 7 augustus 1573 wurdt by beslút steld, dat de seedyk tusken Dykshoeke en Makkum makke en ûnderhâlden wurde sil troch sawol de bûten- as de binnen-(Slachte)dykers. De earsten it fak ûnder Harns, de twadden it fak der boppe. Dizze útspraak wurdt troch lânfâd Alva yn namme fan de kening op 4 septimber goedkard en ôfkundigd. Fryslân en Grinzerlân wurde tagelyk foar ien jier ûntslein fan skatplicht foar it legerjen fan Spaanske militêren. De ferswierde en op plakken nije dyk fan fiif ûre gean krijt in hichte fan 12 foet mei in kroane fan 6 foet. It berin oan de seeside is 5 roede, oan de lânside 3 roede. It wurk is ferdield yn 11 perselen, mei 300 man per perseel – wêrunder de neiste bewenners – ûnder tafersjoch fan in kaptein, in opsichter of skriuwer en 12 rotmasters. Der wurdt hurd wurke moarns 5 oan jûns 6 ûre mei 2½ ûre troch it útstekken fan in flagge út de toer fan Harns oanjûn skoft.

Ta befoardering fan oarder en gesach binne der strange bepalingen fan tapassing. Oan de súdkant fan Harns is in galge op ‘e dyk pleatst foar de net-wurkwilligen. Yn ‘e simmer fan 1575 is it mânske wurk foltôge. 11 In gedenkteken mei in Januskop fan di Robles (‘de Stienen Man’) ferrist ten suden fan Harns , as grinspeal tusken de beide skroeven fan ûnderhâld. De halsbân is as seekearing foarearst yn de twadde lynje komme te lizzen.

Yn 1580 wurdt de katolike earetsjinst ferbean; it ‘Pausdom wurdt ôfskaft’. De earste dy ’t yn Penjum it amt predikant giet besetten is Durandus Piërii en in moai tiid ek, want hy stiet der yn it jier 1600 noch, ear ’t him fanwegen ‘hoogen ouderdom’ en ûnbekwamens yn 1609 it emiraat jûn wurdt. 12

Yn 1583 wurdt de toer fernield en de tsjerke swier skansearre troch tonger. Yn 1588 wurde foar de weropbou in pear stikken lân ferkocht. 13

Ein 16e ieu hat Penjum ek in eigen doarpsskoalle:
* 1597-1610: master Sybe Fransz.
* 1611-1628: master Jan Lieuwesz. Piebema
* 1629-1647: master Abe Gerritz.
* 1648-1659: master Meilis Epkeszoon
* 1660-1680: master Baante Cornelis

Fuotnoaten:

  1. Leeuwarder Courant: Sneon & Snein, d.d. 21.01.1961, Pingjum-Witmarsum, allebei “Menno-dorp”
  2. Spahr v/d Hoek, J.J., Geakunde fan Wûnseradiel, side 447
  3. Harlinger Courant d.d. 8-10-1965, Vj 34, Pingjum: dorpje met ’n rijke geschiedenis
  4. Algra, A., De historie gaat door het eigen dorp VI, 1960, side 134-135
  5. Brouwer, J.H. e.a., Encyclopedie van Friesland, MCMLVIII, side 469
  6. Hoeve, S. ten, e.a., Kerken in Friesland, gebouwen, inrichting en gebruik, 1985, side 150/151
  7. Leeuwarder Courant: Sneon & Snein, Pingjum-Witmarsum, allebei “Menno-dorp”, LC 21 januari 1961
  8. Noomen, P., Vete in middeleeuws Friesland, FRYSLAN (1998), nr. 1, side 10
  9. Aa, A.J. v/d, Aardrijkskundige woordenboek, 1848, side 187
  10. Israel, Jonathan I., De Republiek 1477-1806, 1996, side 154
  11. Eekhoff, W., Beknopte geschiedenis van Friesland, 1851, side 184-189
    Ook op andere terreinen van Waterstaat laat di Robles zijn sporen na. In dezelfde jaren dat het dijkenstelsel in Friesland stevig wordt aangepakt, laat hij een kanaal graven tussen het Bergumermeer en de Lauwers, een verbetering van de waterverbinding tussen Leeuwarden en Groningen. Dit ‘Kolonelsdiep’ of Caspar di Roblesdiep – zo als nog altijd wordt genoemd – maakt tegenwoordig onderdeel uit van een doorgaande vaarverbinding die gevormd wordt door het Prinses Margrietkanaal en het Van Starkenborghkanaal.
    Het loopt slecht af met de Zwarte Kolonel. In 1576 wordt hij tijdens een oproer van Spaanse soldaten gevangen genomen en een tijdje achter de tralies gezet. In Friesland is hij niet meer van betekenis geweest, vooral niet toen de provincie de Spaanse koning in 1580 afzweert. In 1585 overlijdt di Robles in Antwerpen.
  12. Algra, A., De historie gaat door het eigen dorp VI, 1960, side 136
  13. Spahr v/d Hoek, J.J., Geakunde fan Wûnseradiel, side 446
Advertenties