17e ieu

1600-1700: in ieu mei tebeksetters

In 1623 bliuwt Fryslân frij fan Spaanske ynfallen, mar wurdt al gau troch oare pleagen besocht. Yn ‘e simmer fan 1624 is it sa droech, dat hast alle grêften, sleatten en fivers droech lizze. De fisk stjert en de buorkerijen yn it agraryske Penjum lije grutte skea. Krapte, priisferhegingen en earmoede folgje. Yn dizze droege simmer woedt der ek noch in fûle kowe- of feepest ûnder de dan noch readbûnte en mûskleurige kij. Der komme yngrepen, lykas:

1. gjin feemerken;
2. foarskriften foar it bedobjen fan kadavers en
3. ûntsmettingsprosedueres.

Der is tsjin de sykte noch gjin medisyn fûn. It deameitsjen fan sike kij is de iennige remeedzje. Dochs probearje neffens de Leeuwarder Saturdagse Courant fan 1769 (20-9) sjirurchijns, lykas G. ten Haaff, foar de fynst fan intstof, mei doktersguod de kij better te meitsjen:

“Voor eerst, zoo dra de huisman merkt dat eenig stuks vee begint te kwynen, moet hy het uit de wiede halen, dog lanhzaam voortdryven, op dat door het dryven en vermeerderde beweging, de ontsteking niet vermeerdere, en de ziekte verergert worde; het beest moet dus afgezondert in een stal, of schuur diemen lugten kan, geplaatst worden. Ten tweeden, moet het kwynende beest, naar mate zyner kragten, op het spoedigste meerder of minder bloed afgetapt worden. Ten derden, zal men het volgende middel, zoo spoedig als het mooglyk is, aan het zelve toedienen. Men neme één pint wyn-azyn en één pond gemeenen honing, met een vierde pond Engelsch purgeer zout, en menge het zamen in tien pinten gekookt water; van dit mengsel moet, van twee tot twee uren, een pint ingegeven worden …”

Twa ieuwen letter sil nei trij kear in epidemy oerskeakeling op bou, skiep en de ymport fan Deensk fee folgje.

Yn 1626 brekt reboelje út oer de belestingheffing. It folk komt in opstân en slacht on it plonderjen; foaral de huzen fan de foarnamen moatte it belije. Men easket fan de grytmannen rekken en ferantwurding. Trije oanstichters fan it plonderjen yn Wommels en Boalsert moatte terjochte stean en krije de deastraf. Dizze wurdt útfierd troch ûnthalzjen. De hollen wurde op stieken tentoansteld om foar ôfskrik te soargjen. Dat sille se yn Penjum sûnder mis murken hawwe.

Underwilens is de befolking noch altiden ûnder de gisel fan de ‘humane’ pest, oan hokker besmetlike sykte ieuwen werom yn 1346 in kwart fan de Europeeske befolking is stoarn. Yn it oanbuorjende Boalsert waart yn 1666 de pest noch altyd om .

Posityf yn dizze ieu is by eintsjebeslút de oanwaaks fan lân troch bedykjen en ynpolderjen. Lannen dy ’t troch harren lizzing min frucht drage of of dy ‘ t troch de minste stiging fan it bûtenwetter blank stean, wurde troch it oanlizzen fan polderdiken en troch it bemealjen mei in wettermûne, ferbettere en ta duorsum gebrûk geskikt makke. De grytenij Wûnseradiel – dêr’t Penjum yn leit – nimt troch it inisjatyf (1860) fan grytman Tjaard van Aylva diel yn ‘e foarútgong. 1

Fuotnoaten:

  1. Eekhoff, W., Beknopte geschiedenis van Friesland, 1851, side 321

 

Advertenties