18e ieu

1700-1800

Yn it begjin fan de ieu is it agrarysk tij – wêrfan it libbensûnderhâld en sadwaande de ûntjouwing fan it doarp ôfhinklik is – net geunstich. Yn 1714 rjochtet in duchtige feepestepidemy in protte ekonomyske skea oan. De belestingen binne heech troch de (Ingelske) oarloggen yn ‘e foarôfgeande ieuwen. Ymport fan Ierske bûter set de prizen ûnder druk. It is in dizze tiid dat de tsjerketoer fan Penjum in spits hat, neffens in skets út 1720 fan Stellingwerf (sjoch ôfbylding 8, mei tank oan hear H.G. Scheltema)

Kerk anno 1720
Ofb. 8: tsjerke fan Penjum (1720)

Yn 1741 feroarsaket de strangste winter fan de ieu inkelde desennia letter opnij bedriuwsmjittige tebeksetters. ”De wind sneed met sulk een scherpigheyt in het aangesicht, dat het ondraaglyk was“, lêze wy by C.H. van Wijngaarden. Stiennen brêgen skuorre en de wetterbakken foar de opfang fan rein frieze stikken. Sleatten en marren binne oant de boaiem beferzen; op de Sudersee wurdt drok reedriden. Rûnom frieze minsken en bisten dea, de earmoed is grut. Pas op 20 maart komt oan dizze winter in ein mei in “gewisse dooy”. It foarjier bliuwt kâld, yn juny wurde fjilden en beammen wer grien.

Koart dêrnei wurdt de lânbou yn 1745 konfrontearre mei de twadde feepestepidemy. Der stjerre oan dizze “rotkoarts” yn 10 moanne tiid yn it gewest 110.000 kij, ekslusyf keallen: foar de feehâlderij in finansjele strop sûnder wjergea.

Yn 1759 wurdt de tsjerke opknapt foar 13.865 gûne, 3 stuorren en 8 pinningen nei opnij ferkeap fan lân en in oanbesteging yn 1758; hjirby wurdt de eastside fan de tsjerke trijesidich sluten en de súdside ommitsele. De tsjinsten wurde tidens de restauraasje hâlden yn ‘e fermoanje. In tinkstien boppe de doar fan de tsjerke mei tekst & de nammen fan de tsjerkfâden H.P. Hilarides en W. Wiarda (sjoch ôfbylding 9. fotograaf: J.J. Sieswerda) tsjûget fan de herbou: ”Deese Kerk is van nieuws Herbouwt onder het opzigt van de gecommiteerden welker wapens hiernevens geplaatst zijn”. 1 Beide wapens binne yn ‘e Frânske tiid tichtsmard.

gedenksteen restauratie (1759)
Ofb. 9: tinkstien restauraasje (1759)

Op 30 maaie 1768 wurdt yn Penjum Obe Sikkes Bangma berne, mei letter in ymposante wiskundige karriêre:

“1787-1805: leraar kweekschool v/d Zeevaart in Amsterdam; 1804-1817: eerste secretaris en redacteur van de tijdschriften fan het Wiskundig Genootschap; wiskundig adviseur v/d Holl. Sociëteit van Levensverzekeringen.” 2

Yn syn jonkheid ûntwikkelet Obe him as in tige goede learling en krijt de namme fan ‘skriemerige’ Obe, om’t neist syn kwaliteiten, syn ûnhandigens op allerhande gebiet út ‘e toan falt en hy sadwaande in protte pleage wurdt. Yn Arum – dêr ’t hy by syn broer wennet – falt syn bynamme noch ûngeunstiger út: hja neame de talintfolle jonge ‘healwize Obe’. Dat hy net heal mar folslein wiis is docht letter bliken. By in eksamen foar de seefeartkunde yn Amsterdam lost er twa fan de trije fraachstikken, dêr’t hy inkelde dagen de tiid foar krijt, yn in hantaast op. Al gau wurdt Obe direkteur fan it Stuurmanscollege en eksaminator fan seelju. Sels Van Speyck, dy ’t letter leaver de loft yngong, is troch him eksaminearre. 3

De twadde helte fan de 18e ieu is foar de lânbou oer it generaal in opgeande tiid. De befolkingsgroei is rûnom grut, de priisferheging allyksa; de útfier fan Fryske bûter nimt ta. Troch de sânjierrige oarloch (1756-1763) ûntsteane der noch mear priisferhegingen. Der is wer jild om nij fee te keapjen nei in tredde feepestgoarre. Ek de hieren geane omheech. D’r gebeurt mear: it yndykjen en ynpolderjen fan leechlân, greideferbettering troch te greppeljen en better te bedongjen. It liedt ta it hâlden fan mear fee. De útfier fan kij nei Hollân is op jierbasis 30.000 stikken. De wearde fan in ko is 30 karolusgûne. De karolusgûne is yn tsjinstelling ta in goudgûne (28 stoeren) in gûne fan 20 stourren, slein op oarder fan Karel V; earst fan goud yn 1520, yn 1542 fan sulver – de earste sulveren gûne.

De ekspânsje fan de feeteelt bliuwt beheind troch minder goede behanneling fan de greiden en it lege oantal ynpolderingen. Fierdersoan is der nei ferhâlding te min gerslân njonken te folle boulân troch de foarôfgeande feepestgoarres. Ek wurdt der op de klaai yn tsjinstellling ta yn de Fryske Wâlden nei in soad muoite op brede boulân ploege om dêrnei mei dong en klaver goed lân fan te meitsjen. 4 Yn de bou befoarderet de ierappel en sûkerei de wolfeart en ynvestearringen. Nij is de ierappel – foar it earst yn 1734 op it brulloftsbanket fan prins Willem IV en prinses Anna – fan de fjirtiger jierren ek folksiten. Mei as foardiel fruchtwikseling en minder earmoed ûnder de arbeiders.

De tsjerke yn Penjum befettet ek in brânskildere rút, in geskink fan Ernst van Wydenbrugh, lid fan de “Friese Admiraliteit”, en syn frou Louise van Wydenbrugh, gebooren Assenborch. Tjepke Gratama, Coopman en Henderina Donker, Egtelieden tot Harlingen 1769. It Printekabinet yn Ljouwert hat in ôfbylding fan dit rút yn de súdkant fan de tsjerke mei it jiertal 1769 en de ynskripsje: “Den W.E.G. Heer Ernst van Wydenbrugh, Raad van ’t Edelmogende College ter Admiraliteit van Friesland, mitsgaders Gecommiteerde Staat van Friesland en wegens de Staat van Gemelde Provincie Gecommiteerde tot Demonstrering en de WelEdel Geboren Vrouwe van Wydenbrugh, gebooren Assenborgh. Tjepke Gratama, Coopman en Henderina Donker, Egtelieden tot Harlingen 1769.

Kerkraam Pingjum
Ofb. 10: brânskildere rút yn de tsjerke fan Penjum (1769)

D’r bestiet yn Penjum in dykynstruksje út 1774. Hjir wurdt net mear praat fan in tollegrytman en tollen lykas yn 1504. Der is wol in dykgraaf, bystien troch twa deputearren, trije kommitearden en in skriuwer. De ferkiezing fynt plak op Peaskemoandei yn de Penjumer tsjerke. Fjouwer fan de seis leden fan it kolleezje foar de Halsbân hearre út Penjum te kommen en twa út Wytmarsum. De dykgraaf is meastal in Penjumer. Om de sânde kear wurdt in Wytmarsumer keazen.

In 1779 teisteret in ‘Rode Loop’ (dysentery) epidemy de provinsje. De Leeuwarder Saterdagse Courant seit hjiroer:

“Te Harlingen –(8 km. ten NW van Pingjum) – heerscht zedert eenigen tyd eene roode loop, die met het vuur in de ingewanden verzeld gaat en zeer besmetlyk is; waar door veele menschen uit het leven gerukt worden.Althans daar er gewoonlyk in twee maanden tyds 50 menschen in die stad sterven, zyn er in de maanden argustus en september 453 personen ten grave gebragt. Ook zyn er in het dorp Arum -3½ km. NO van Pingjum- in drie weeken tyds, 50 dooden geweest. Men schryft deze roode loop toe aan het lage water, het welk men in die provincie, gedurende dezen zomer gehad heeft, waar door de gragten byna droog geweest zyn, en aan het eten van de visch, welke in dat bedorven water gestorven was. Zommige lieden uit Leeuwarden en Franeker, die by hunnen nabestaanden te Harlingen ter begravenis geweest zyn, schynen die ziekte derwaarts overgebragt te hebben, dewyl er te Leeuwarden drie menschen en te Franeker één aan die ziekte gestorven zyn.

De epidemy is in gefolch fan de strieminne hygiëne. Faaks wurden ekskreminten loasd op grêften en kanalen wêrút ek drinkwetter helle wurdt. Yn hite simmers wurdt de kwaliteit fan it wetter sjendereach minder. De ‘rode loop’ begjint mei hege koarts en búkkrampen (fjoer yn de terms), folge troch wetterige diarree.

Om 1780 is de lêste bewenner fan it al neamde Aggema-slot ‘op de Campen’ tusken Penjum en Wytmarsum Frans de Boer, dy ’t iverich meidocht oan de steatkundige ûntjouwingen fan syn tiid. Hy is as Patriot sekretaris fan de ‘Batalions krijgsraad’ en advisearret yn dy kwaliteit, “dat het Batalion in Wonseradeel denkt te exerceren en manoeuvreren Zondag 14 Juli 1787, ’s namiddags 1 uur te Pingjum.” Nei it meitsjen fan it prinslik gesach koart dêrnei, wurdt besocht him yn syn eigen hûs gefangen te nimmen, mar hy naait út oer ’t brechje fan de slotgrêft, krekt as syn fijânnen foar oan de poarte stean. Hy wykt út nei Bremen, syn frou en 8 bern folgje him winters yn in kapwein. Yn 1791 wurdt it slot ‘de Campen’ te keap oanbean; yn 1792 is der boelguod fan meubels, skilderijen, huningparse, padeide en skoffelploech. Letter komt De Boer werom nei de Greate Kampen, dêr ’t er in houthannel driuwt.

As ein 1700 de Revolúsje in feit is, wurde by de ‘kalme’ revolúsje fan februaris 1795 oeral yn Fryslân frijheidsbeammen oprjochte, bekroand mei de jakobynske frijheidsmûtse. Om dizze frijheidsbeammen wurdt dûnse en hjir wurde de weromkearde patriotten fan 1787 tasprutsen. 5 It ‘jakobynske’ Penjum stiet yn de foarhoede en plant de earste frijheidsbeam yn de grietenij Wûnseradiel op 14 februaris 1795, mei dêrfan de folgjende beskriuwing:

”Middags twee ure kwam het sedert 1787 gedesolveerde vrijcorps voor de eerste maal weer onder de wapens. (P. had een patriotisch vrijcorps, maar na de omwenteling door de komst der Pruisen in 1787 was deze gewapende organisatie ontbonden). Twintig jonge vrijsters, die in kleding als anderszins de heuglijke gebeurtenis opluisterden, volgden de Vrijheidshoed en de nationale vlag onder het geblaas en speelen der muzikanten naar de plaats waar de Vrijheidsboom geplant zou worden. Daar gekomen, trokken de vrijsters uit, vergezeld van een commando uit het gewapend corps, om de gecommiteerden (de voorlopige bestuurders) te halen, die onder speelend muziek den kring der gewapende mannen werden binnengeleid. In ronden kring om den boom geschaard, hield de burger M. Treslong, leeraar onder de voorstaanders der bejaarde doop (de doopsgezinde voorganger van Pingjum dus),een toespraak, die driemaal met een algemeen gejuich werd begroet, waarop burger J. Bakker een gepast vers voordroeg, wederom driemaal met gejuich begroet. Tenslotte had er een vroolijke dans der vrijsters (carmignole) plaats onder het spelen der muzikanten en het galmen der vrijheidsliederen. De vroolijkheid is met de grootste bedaardheid afgelopen.” 6

Op in print anno 1789 fan de tsjerke fan Penjum (sjoch ôfbylding 11, boarne: ûnbekend) is de spits ferfdwûn en ferfangen troch in sealdaktoer. It bliuwt riede nei de oarsaak fan dizze stalferoaring: as gefolch fan in stoarm, wjerljocht, brân of forlet fan jild/ûnderhâld?

afb. 11: kerk Pingjum1789
Ofb. 11: Penjumer tsjerke anno 1789

Fuotnoaten

  1. Stichting Alde Fryske Tjserken, algemiene ynformaasje, 2002
    Bakker van Popta, A., Pingjum vanaf het begin, 1988, side 25
  2. Brouwer, J.H. e.a., Encyclopedie van Friesland, MCMLVIII, side 167
  3. Harlinger Courant d.d. 8-10-1965, Vj 34, Pingjum: dorpje met ’n rijke geschiedenis
  4. Terpstra, P., Tweeduizend jaar geschiedenis van Friesland, side 222-227
  5. Brouwer, J.H. e.a., Encyclopedie van Friesland, MCMLVIII, side 668
  6. Bolswards Nieuwsblad dd 30-7-1954, Pingjumer Alef van Aggema tekende Verbond der Edelen, Frans de Boer secretaris van Wonseradeel, Carmignole rond de Vrijheidsboom;
    Algra, A., De historie gaat door het eigen dorp VI, 1960, side 146
Advertenties