19e ieu

1800-1900

Op 3 februaris 1825 stekt der in fleanende westerstoarm op, nachts oprinnend nei noardwest en begelaat troch springfloed. Der ontstiet in dyktrochbraak by Blankenham; yn de Fryske seediken ûntsteane tritich gatten, twa-tredde fan Fryslân stiet ûnder wetter. De Slachte en Penjumer Halsbân (sjoch ôfbylding 12) foldogge yn har ‘slieperfunksje’ as seekearing oan alle easken. Earne oars is it lân jierrenlang bedoarn, benammen de lege feanen by Haskerdiken, dêr’t it sâlte wetter yn weisakket. Oare fjilden drage tsien jier lang gjin fruchten, der is in skea fan miljoenen en in soad minsklik leed. De oerstreaming sels kostet 17 deaden. Earnstiger is de malaria, dy’t in jier letter yn de feanen útbrekt en dy’t yn 1826 ûnder de Fryske befolking fan 193.333 sielen mear as 4.000 deaden feroarsaket. Op ’t Hearrenfean mei 2.000 ynwenners stjerre op ien nacht 12 minsken oan malaria (= swartwetterkoarts ***). Nederlânske, mar ek Belgyske militaire dokters springe by. Kening Willem I skinkt fl 100.000.-

afb. 12: Pingjumer Halsbân
Ofb. 12: de Penjumer Halsbân

Yn it Aardrijkskundigwoordenboek (1848) fan A.J. v/d Aa lêze wy op side 187 oer Penjum:

“PINGJUM, Pingium, Pingum of Pennigum, oudtijds Pijanghum, kwartier Westergoo, grietenij Wonseradeel, ½ uur van de Zuiderzee gelegen, omgeven door eenen kringsgewijzen dijk, de Pingjumer Gulden-halsband geheten. Het is een belangrijk dorp, met een goede binnenbuurt. Men telt met de buurtschap Lutje Pingjum en de gehuchten de Blokken en Bootland 116 huizen en 680 inwoners, die meestal in den landbouw hun bestaan vinden.
De Herv. die er 590 in getal zijn, behooren tot de gemeente Pingjum-en-Surich, welke hier eene kerk heeft met eenen spitsen toren, doch zonder orgel. Vóór de Reformatie was de kerk in Pingjum aan den H. Victorius toegewijd. De Doopsgez. – ruim 30 in getal – behooren tot de gem. Pingjum-en-Witmarsum, welke hier mede eene kerk heeft, zonder toren of orgel. De 11 R.K. die men aantreft, worden tot de stat. Van Makkum gerekend. Vóór de Reformatie stond ten NW van Pingjum op ’t Sân een klooster, Vinea Domini geheeten. De dorpsschool wordt gemiddeld door een getal van 85 leerlingen bezocht. Vóór eenige jaren had men er ook een Department der Maatschappij Tot Nut van ’t Algemeen, hetwelk den 8 Februarij 1820 opgerigt was, doch thans niet meer bestaat.
De kermis in Pingjum valt in den 10 Mei. Weleer had men in dit dorp eene sterke stins, met name Tanie, welke in den jare 1496, verbrand werd met allen die er op gevlugt waren. Ook lagen hier de staten Hiddema, Adelen, Wattinga of Watinga en Aggema, die reeds van overlang in boerenplaatsen veranderd zijn.”

Ut de sifers fan de folkstellingen leare wy oer de omfang fan Penjum doedestiids (sjoch taheakke 1, út Algra A., De historie gaat door het eigen dorp VI, 1960, pag. 144). Op 1 jannewaris 1830 is yn de 8.038 sielen tellende gritenij Wûnseradiel Penjum mei syn populaasje fan 658 ynwenners it fjirde doarp nei Makkum (N=1.729), Arum (956) en Wytmarsum (718) en foar Kimswert (407), Wûns (253) en Surch (152). 1

bijlage 1: volkstelling Pingjum
taheakke 1: folkstelling Penjum

Mids 19e ieu ûndergiet it romtelik wêzen fan it doarp in feroaring, as de fan oarsprong smelle ferbining by de súdkant fan it tsjerkhôf troch ôfbraak fan it hoekpân ferbrede wurdt. Dêrtroch krijt de Grutte Buorren in mear trochgeand karakter, dy ’t noch fersterke wurdt troch de oanlis yn 1855 fan in nije grindwei nei Wytmarsum:

“In deze periode ondergaat het dorp een verdere ontwikkeling met de bouw van een diaconiehuis (1861) en een zestal woningen langs de noordelijke begrenzing van het kerkhof, vereeuwigd door een gedenksteen, die behalve het jaartal en de vermelding van de eerste steenlegging de namen Banga, Wienstra en Sieswerda in ere houdt.” 2

Fan dan ôf is de tsjerke hielendal omsluten troch gebouwen en wurdt it tsjerkhôf – mei troch it trochlûken fan de Grutte Buorren nei de Buorreleane – folslein opnommen yn ‘e doarpsstruktuer. 3 Yn de rin fan de 19e ieu komt de Kamp ta ûntwikkeling en in fierdere fertichting fan de bebouwing by de Buorren en Mûneleane. De âlde doarpskearn is foar it meastepart 19e ieusk. De bebouwing foarmet karakteristike sletten gevelmuorren, besteande hast hielendal út yndividuele pânen yn ien boulaach mei kape. As kapfoarm oerhearskje seal- en skylddakken.

De technyske ûntwikkelingen binne yn de 19e ieu enoarm. Yn Amearika wurde lange spoarlinen oanlein, dy ’t grutte nôttransporten nei de eastkust mooglik meitsje. De earste spoarlinen yn Fryslân wurde oanlein: Ljouwert-Harns (1863); Ljouwert-Grins (1866); Ljouwert-Meppel (1868) en Ljouwert-Snits (1883). 4 De minsken kinne him hurder ferpleatse: it ferfier fan fracht giet makliker.

Yn de jierren sechtich is Amearika de grutste útfierder fan nôt yn ‘e wrâld. As der ek Ruslân en oare lannen nôt op ‘e merk bringe, sakje de prizen en dêrmei wurde de opbringsten minder. De binnenlânske merk bliuwt oer, mar hat te krijen mei konkurrinsje fan ta goedkeape bûtenlânske produkten. It liedt yn de jierren santich ta de grutte lânboukrisis, dy ’t ta de ieuwiksel duorret. In hoopje Penjumer lânarbeiders emigrearje om dy snuorje nei de Feriene Steaten. Yn 1878 ferdwynt de eksport fan weet fia de haven fan Harns. De ierappelrispingen binne amper in kompensaasje troch wikseljende waarsomstannichheden. Troch de malêze binne leanen fan de lânarbeiders leech; it iennige foardiel foar harren is de slim lege priis fan de iterij. Folle earder dan de feeprizen, sakje dy fan de bûter troch it minder wurden fan de kwaliteit en de komst fan margarine.

Tagelyk foarmje de boeren suvelkoöperaasjes, stiftsje suvelfabriken en rjochtsje stamboeken op. 5 Ien fan de ynwenners fan Penjum, dy ’t yn formaat oangiet it doarpsnivo ûntgroeie sil, is de boer Lammert Scheltes Hilarides (1868-1934), dy ’t de koöperative tinzen yn de agraryske sektor mei grutte ynset en sukses ûnder de oandacht fan de oanbelangjende lânbouwers brocht hat en oan de widze fan in protte lânboukoöperaasjes stien hat. 6 Yn Penjum is hy yn 1896 belutsen by de oprjochting fan de keatsferieniging en it muzykkorps ‘Harmonie’ (1894). Hy bringt fierders ‘Amsterdamsk toaniel’ nei Penjum en is as regisseur by de jierlikse toanielútfiering fan de Harmonie. Hilarides is boppedat in bekwaam keatser (sjoch ôfbylding 13), as opslagger tûk mei ‘platte’ ballen en hy wurdt trije jier achter elkoar kening op ‘e PC yn Frjentsjer.

afb. 13: Lammert Scheltes Hilarides
Ofb. 13: Lammert Scheltes Hilarides

Sa njonkelytsen stiet Penjum op ‘e drompel in namme te krijen yn it Mekka fan de keatssport Frjentsjer, dêr’t alle jierren de meast wichtige keatswedstryd ‘frije gearstalling’ de PC-partij spile wurdt. It doarp hat mei trije topkeatsers even safolle hege troeven yn hannen, dy ’t ein 19e en begjin 20e ieu bekwaam útspile. It binne de keatsers:

  1. Rients Doekles Yntema (1831-1884) > 10x PC- dielnimmer, 5x PC-winner
  2. Lammert Scheltes Hilarides (1868-1934) > 3x efterinoar PC-kening: 1887, 1888, 1889
  3. Jan Reitsma sr. (1869-1959) > 9x PC-winner, 3x PC-kening: 1893, 1899, 1903+ 4x winner Bondspartij

Ein 19e ieu ûntstiet mei de Doleânsje yn Penjum – gelyk as earne oars – in heilleaze twaspalt tusken de frijsinnich-herfoarme groepearing oan de iene kant en in ortodoks-grifformearde formaasje oan ‘e oare kant mei elk in eigen (1) tsjerke (2) skoalle (skoalle mei de Bibel Anno 1893: master M. Camping, 1893; master J. Heslinga, 1896; master H. Alkema, 1902; master K. Weizenbach; master J. de Boer, 1933; master H. Tulp; master G. Corporaal, 40 jier letter ûnder it bestjoer fan S. Bakker, J. Wytses, in soan fan de oprjochter en in broer fan de direkteur fan de bekende Sneker Kweek en S. Giliam) en (3) ferienings. 7 Der wurde op ’t lêst op fjouwer plakken tsjerketsjinsten hâlden:

– de ‘grutte’ tsjerke
– de grifformearde tsjerke
– it ‘evangelisaasje’ gebou foar de ortodoks-herfoarmde gem. Penjum/Surch mei 1/2 ieu letter dhr. Tietema as foargonger
– de earder neamde fermoanje fan de menisten

Fan 1886-1905 hat de herfoarme tsjerke (sjoch ôfbylding 14, mei tank oan Dhr. Vriesema) – dat earst yn 1879 in oargel krijt, mar wol yn it besit is fan twa ikehouten oerkape hearebanken (ien mei in byldhouwde bekroaning mei wapen, de oare op snijd Korintische pylders) – gjin dominy troch de tsjinstelling frijsinnich en behâldend. 8

afb. 14: Pingjum 1895
Ofb. 14: Penjum 1895

Fierder hat Domela Nieuwenhuis met syn anti-5K (Koning, Kerk, Kapitaal, Kroeg, Kazerne) ideology nochal wat oanhingers yn it doarp, dy’t jierren sûnder muoite siteare út syn tinkskriften “Van Christen tot anarchist”. In arbeider dy’t de kroeg ferlit, krijt fan in ‘Domela’ man te hearren: “Eltse borrel is in skerpe patroan, dy ’t jimme wêromdriuwt nei jimme hongerkertieren.”

De Penjumer tsjerke is sûnt jier en dei eigner west fan de noardlike ‘griene dyk’. Eartiids hat de ferhier fan dizze dyk oan greide- en heaboeren tagelyk (al yn 673, neffens âlde tsjerkerekkeningen) mei de ferhier fan tsjerkebanken plak hân op 27 desimber – en neat wiist der op dat it tefoaren oars west hat. 9 De skoalmaster is sawol as notaris en de dominy der ek by tsjinwurdich. It is dy dei St. Jansdei, neamd nei Johannes de Evangelist. Fan moarns acht oant middeis fiif let de toerklok alle oeren 99 kear. Der wurdt traktearre op tee en boerekofje, sean bier, brandewyn mei sûker en oant let yn ‘e jûn nei it fuortgean fan dominy wurdt der dûnse. Sûnt 30 oktober 1882 rekket de tradysje út de tiid en op novimber 1892 beslute de Steaten fan Fryslân ta it opheffen fan de Penjumer Halsbân as seekearing. 10

Yn it wapen fan Penjum (sjoch ôfbylding 15) is de giele rânne in oantinken oan de ‘halsbân’, de leelje oan in elemint út it aadlik Hiddema wapen. 11

afb. 15: wapen van Pingjum
Ofb. 15: it wapen fan Penjum

Yn D. v/d Heide, Schimpnamen van Friesland, fine wy ûnder Penjum: beannehulen, moudekrûpers, ulefellen, âlde jonges.

“Beannehulen zijn bonenschillen. De schimpnaam heeft te maken met de armzalige toestand alhier. Als men de ‘hulen’ van de bonen gedwongen is te eten. Moude is mulle, stofvormige kleiaarde, waarop men kruipt om onder andere aardappels uit de grond te halen. Ulefellen (in het Fries ‘suertsjes’) zijn weinig doortastende lieden, slappelingen, angsthazen of bangerikken. De oorsprong van deze schimpnaam is de auteur – ondanks gedegen onderzoek – niet bekend geworden. De peuterspeelzaal in Pingjum heet de ‘Ulefeltjes’. Alde jonges zijn oude vrijgezellen, waarvan er eertijds veel in Pingjum hebben gewoond.”

Dat komt oerien mei de folkstelling van 1 jannewaris 1830, doe ’t der yn Penjum fan de 352 manlju, 107 troud, 177 nét troud en 7 widners binne!

*** Malaria:

Malaria is in hommels opkommende of groanyske parasitêre sykte, mei weromkommende oanfallen fan koarts, miltfergrutting, progressive bloedearmoed en in (sub)gielsucht. De ynkubaasjetiid is 7-12 dagen. De foarfaze hâldt 3-5 dagen oan en wurdt beselskippe troch atypyske sykteferskynselen: pineholle, driuw om te spuien, algemiene swakte. Dêrút ûntwikkellet him de typyske malaria-oanfal mei slim kâlde tipelsinnichheden, folge troch in gefoel fan gleone hjitte ferbûn oan in hege lichemstemperatuer mei boppemjittich switten. Gjin behanneling liedt it ta residive en/of klinyske komplikaasjes (koma, konvulsjes, kardiofaskulêre kollaps). 12

Fuotnoaten

  1. argiven gemeente Wûnseradiel
  2. Algra, A., De historie gaat door het eigen dorp VI, 1960, side 133
  3. Monumentenzorg, rijksdienst van de, Pingjum, gemeente Wûnseradiel, beschermde stads- en dorpsgezichten, 1988
  4. Frieswijk, Joh.e.a., Geschiedenis van Friesland 1750-1995, side 69/70
  5. Terpstra, P., Tweeduizend jaar geschiedenis van Friesland, side 289-291
  6. Osinga, A., H. Bakker, tusken Vinea en Aggema, 1999, side 75
  7. Algra, A., De historie gaat door het eigen dorp VI, 1960, side 144
  8. Algra, A., De historie gaat door het eigen dorp VI, 1960, side 137
  9. Bolswards Nieuwsblad dd 25-6-1954, Pingjumer allerlei passeert de revue
  10. Gemeente Wûnseradiel, historie van de halsband, side 4 van 4
  11. de leelje is it middelieuwsk symboal fan de Marije ferearing, 11 & 30, Ned. Ver. Genealogie afd. Noord, nr. 4 side 336
  12. Jongkees, Prof. Dr. L.B.W., Codex Medicus, 1975, side 351
Advertenties