500 – 1300

De iere midsieuwen (500-1300)

Penjum – dat heech op de súdlike kwelderrêch fan de Mjenje leit – giet yn de rin fan de ieuwen troch mei it opheegjen fan it fêstigingsplak mei dong en kwelderseadden om de bewenning fuortsette te kinnen. De terp wurdt brûkt as wenplak, ferbou van ikkergewaaksen, it stâljen fan fee en it winnen fan reinwetter. De út de terp foar ’t ljocht kommen stoartbekers (sjoch ôfbylding 3), glêzen sûnder foet, út de 7e en iere 8e ieu gean troch foar elitêr en as utering fan in heech organisaasjenivo. 1

afb. 3 - stortbekers
Ofb. 3: stoartbekers

De ‘muntskat fan Penjum’ (sjoch ôfbylding 4), dy’t fierders út de terp komt, bestiet út sulveren Karolingyske munten, dy’t benammen ûnder it regear fan Karel de Keale (823-877) – in pakesizzer fan Karel de Grutte – yn sirkulaasje brocht binne. 2 Yn de lêste tsien jier fan syn regear kin men de fraach nei sulveren penningen en nei 864 ek fan sulveren heale penningen net oan, hielendal yn ‘e tiid foar Sint-Maarten as men oan syn finansjele ferplichtingen foldwaan moat.

afb. 4: muntschat Pingjum
Ofb. 4: muntskat Penjum

Ut opgravingen fan de Rigeterp (1918 & 1921) flakby Rommerdastate kin fêststeld wurde, dat de fazen fan bewenning – troch fûn ierdewurk en oare resten – fan it begjin fan de jiertelling rinne oant de folle midsieuwen. De oanwêzigens fan ymportearre Karolingyske draaiskiifierdewurk stipet de opfetting dat de terpbewenners by de Penjumer Hâlsbân part hân hawwe oan de ynternasjonale hannel: op de Noardsee, de Ryn en nei de Eastsee. 3

yn steatkundich opsicht steane der feroaringen foar de doar. Yn 1077 wurdt de biskop fan Utert beliend mei it greefskip fan Starum en yn 1086 mei Westergoa en Oastergoa ta 1165. Dan komt de saneamde Kondominiumperioade. In tiidrek dat neffens N. Algra duorre hat fan 1165 ta 1233. 4 Yn 1165 komt it Kondominiumferdrach ta stân. Hjirby krijt de greve fan Hollân en de biskop fan Utert it mienskiplik bestjoer oer Westerlauwers Fryslân. It hat duorre oant 1233, as de Hollânske greef Floris nei Frjentsjer reizget, it rjocht op Fryslân foar himsels opeasket en him dêr lit huldigje ta hear fan Fryslân. 5

Yn de trije oant fjouwer ieuwen dat de kleasters yn Fryslân bestean, hawwe se fan grut nut, gesach en ynfloed west. De 43 kleasters en konventen yn it gewest hawwe 20% fan ‘e kultuergrûn yn besit; yn Grinslân beheare 25 kleasters en konventen 25% fan ‘e kultuergrûn. De kleasters stypje fanwege har danich besit oan grûn gauris krêftig it oanlizzen fan seediken, it graven fan fearten en it lizzen fan slûzen. Fiedersoan stypje hja ek de bou fan parochytjserken, de ferbettering fan lannen, de lânoanwinst, it ôfgraven fan hege feanen, it ta stân bringen fan gâns iepenbiere wurken, de ferbettering fan de boukeunst, de lânbou en in protte hânwurken lykas it meitsjen fan bûter en tsiis. 6

Yn 1186 wurdt noardwestlik fan Penjum op ’t Sân it kleaster ‘Vinea Domini’ (sjoch ôfbylding 5, út: ûnbekend) stifte troch it kleaster ‘Lidlum’ tichteby Tsjummearum. 7 De bewenners binne premonstratinzers of norbertinen, in kleasteroarder yn 1120 stifte troch Norbert van Gennep yn d abdij Prémontré by Lyon. De muontsen binne klaaid yn it wyt (‘wythearen’), libje sober, lizze har út op lânwurk, earetsjinst en sielsoarch. De norbertinen libje neffens de regel fan Augustinus: “ad omne opus bonum paratus (= ta elts goed wurk ree)”.

kloosters
Ofb. 5: kleasters yn Fryslân – Vinea Domini

De sânwei ferbynt it kleaster mei Penjum. It seldsume bewiis fan de aktiviteiten fan it kleaster is in ôfdruk fan in laksegel (sjoch ôfbylding 6, út: De Vrije Fries, 1995), fûn yn de buert fan it eardere kleaster. It is de wizer fan it laksegel fan de prepositus fan Vinea Domini. Prepositus of proast betsjut: forneam, fan oarsprong dekens, letter wereldlike persoanen dy’t rjocht prate oer liken. Oan de dekens wurde lân skonken. It binne úteinlik tige winstjaande amten. Proasten kommen yn ‘e regel út de foarneamste geslachten. In Proasdij is op it lêst erfguod.

afb. 6: lakzegel Vinea Domini
Ofb. 6: laksegel Vinea Domini

Vinea Domini sil sûnder twifel in rol spile hawwe by de (út)bou fan de parochytsjerke yn Penjum – in tsjerke, al op in list yn 1270 neamd – in utering fan de ûntwikkeling ta haaddoarp fan it gebiet binnenyn de Halsbân (gouden hoep). De Halsbân is yn de 12e ieu oanlein yn in ring om it doarp: in sawol gigantysk as unyk projekt foar dy tiid. Gigantysk, om’t alles mei hânkrêft bard is: groeven mei de lep en ferfier mei kroade of draagberrie. Ut berekkeningen docht bliken, dat men foar de 20 kilometer lange Halsbân 3 miljoen kroades grûn tôge hat. By de útfiering fan dit ymminse kerwei hat grif elke Penjumer in bydrage leverje moatte, want tuskentroch hat men ommers ek it normale wurk op it lân – it ploegjen, siedzjen en rispjen. Unyk, omdat de dyk breder en heger is as earne oars. Boppedat is it de earste ringfoarmige dyk yn Fryslân. De Halsbân biedt Penjum beskerming tsjin oerstreaming en biedt ek swietwetterfoarsjenning foar grûn en gewaaks en (drink)wetterfoarrieden foar minske en dier. 8

Deus mare, Friso litora fecit: God hat de see skepen, de Fries de dyken. Dizze siswize wurdt brûkt “om de taaiheid van de Fries in zijn eeuwenlange strijd tegen het water en zijn volharding bij de aanleg van de ‘gouden hoep’ te tekenen”. 9 De ferklearring fan it wurd ‘halsbân’ is ienfâldich. By ‘hal’ kin tocht wurde oan ‘heechlizzende grûn’ of ‘hege rêch’, dat troch de oanwêzigens fan kwelderwâlen rûn Penjum kinne soe. By ‘bân’ kin der in ferbân bestean mei ‘bân’, dat ‘rjochtsgebiet’ of ‘gebiet ûnder de bân of tafersjoch fan in grytman’ betsjutte kin. 10

De earder neamde ûntwikkeling fiert ta in wichtige oanwinst fan net-agraryske funksjes op de doarpsterp en in tichtere beboude kom. Yn 1287 wurdt it kleaster Vinea Domini – eigner fan 8 oant 10 pleatsen ûnder Penjum en grûnbesittingen ûnder Kimswert, byinoar 800 pûnsmiet – ferlitten troch de norbertinen fanwege in oerstreaming en yn om-ende-by 1495 oerbrocht nei Boalsert. 11 Yn 1399 wurdt melden dat de tsjerke fan Penjum troch muontsen betsjinne hearre wurde en neat wiist derop dat dêryn letter feroaring kommen is. Penjum hat in âlde fikary en dus in ryk fermogensfûns. De âldste tsjerkelistjes fan Westergoa meitsje der al melding fan dat Penjum in âlde ynstelling is foar de 13e ieu . Dat fine we werom yn in it besit fan 52 1/2 pûnsmiet (dik 20 bunder) lân. Dan komt Vinea Domini fanwegen wanbehear yn 1558 wer ûnder Lidlum, it wurdt ûntromme, dêrnei ferfalt it yn 1570 oan it bisdom Ljouwert en op ’t lêst yn 1579 oan de provinsje Fryslân. 12

Fuotnoaten:

  1. Bos, Jurjen M., Archeologie van Friesland, 1995, side 155
  2. Bos, Jurjen M., Archeologie van Friesland, 1995, side 59
  3. Jansma, K. e. a.., Wûnseradiel, dat âlde, âlde paad, side 29
  4. Algra, N., Rechtshistorische aspecten van het Landrecht der Vriesne, 1996
  5. Huisman, K., De lizzing van Suthermutha en Kempenesse, FRYSLAN (2004, nr.1), side 10
  6. Eekhoff, W., Beknopte geschiedenis van Friesland, 1851, side 88
  7. Brouwer, J.H. e.a., Encyclopedie van Friesland, MCMLVIII, side 650
  8. Boer, A., de e.a., De Pingjumer Gulden Halsband “Monument van de Maand”, oktober 1994
  9. Brouwer, J.H. e.a., Encyclopedie van Friesland, MCMLVIII, side 249
  10. Huisman, Kerst, de Pingjumer Gouden Halsbân yn ’t roun, LC sneon & snein 26 aug 1978
  11. Spahr v/d Hoek, J.J., Geakunde fan Wûnseradiel, side 446
  12. Brouwer, J.H. e.a., Encyclopedie van Friesland, MCMLVIII, side 650

 

Advertenties