I. 1900-1940

ELEKTRIFIKAASJE, BRANSTOF, JAN REITSMA, DE KRISIS EN DE MOBILISAASJE

1. ELEKTRIFIKAASJE

In de 20e eeuw komt het tot de verdere vergroting van het bewoonde dorpsgebied, aanvankelijk door de bouw van woningen aan de Burenlaan en het Laantje ten NO van de kerk, in een later stadium gevolgd door een meer planmatige uitbreiding ten westen hiervan.1

Op 18 desimber 1911 wurdt de tusken Wytmarsum en Penjum steande koöperative Elektrisiteitssintrale ‘Witmarsum-Pingjum-Arum’ yn gebrûk nommen. De koöperaasje stelt him as doel de levering fan elektryske stream tsjin in taryf tsjin in sa leech mooglik taryf. Mei it each op de feiligens is men ferplichte om lampen mei in bajonetfitting te brûken. 2 Al gau tenei beslute de yngelannen fan it wetterskip de twa foar it Penjumer doarpssilhûet karakteristike wettermûnen ôf te brekken oan de Mûneleane en de Wytmarsumerdyk en dizze te ferfongen troch in elektrysk gemaal.

Yn februaris 2015 ferskynt in artikel yn it doarpsblêd ‘Yn ‘e Halsbân’ fan Sjoerd Vriesema, oer it gebrûk fan fossile brânstoffen yn Penjum. Sa brûkt men fan it ein fan de 19e ieu earst turf en stienkoal foar de ferwaarming:

“De allerlaatste turven werden omstreeks 1980 gestookt. De Pingjumers werden de laatste eeuw van turf voorzien door o.a. Eize Smit, Frans Burry, Durk en Wieberen Bruinsma en D.W. & W.D. Sieswerda. Vanuit de zuidoostelijke veengebieden werd de turf per boot aangevoerd en ze werden opgeslagen in hun  schuren aan resp. de Grutte Buorren, Lytse Buorren en Leanefeart om hun weg verder te vinden naar vier(!) bakkerijen en vele woonhuizen. Langzamerhand werd de turf verdrongen door bruinkool en steenkool.”

2. BRANSTOF, BROMFYTSEN EN AUTO’S

It is ek de ieu fan de opkomst fan ierdoalje-produkten lykas peteroalje, benzine, disel en húsbrânoalje. Peteroalje (foar it itensieden, ferwaarming en tractoren) is op ferskate adressen beskikber, lykas by Sikke Hiemstra. Hy hat der in bestean yn fûn en foar syn pân stiet sûnt ein jierren ’30 in Esso benzinepomp en letter sels in twadde foar ‘super’. Rintsjebaas de Vries hat de Shell pomp as ekstra ynkomsteboarne. En by it frachtridersbedriuw fan D.W. Sieswerda stiet om 1960 in BP diselpomp, want hynder en wein meitsje plak foar bromfytsen en auto’s. Fan 1906 wurde dy foarsjen fan in registrearre B-kentekennûmer:

De Motor- en Rijwielwet van 10 februari 1905 (Staatsblad van het Koninkrijk der Nederlanden, no.69) bepaalde o.a. dat auto’s en motoren voorzien moesten worden van een nummerbewijs. Deze moesten vanaf 1 januari 1906 aangevraagd worden bij de Commissaris van de Koningin van de provincie waar men woonde. Op de provinciale griffies werden registers aangelegd om de uitgegeven nummers in vast te leggen. De nummerbewijzen zijn persoonsgebonden en werden in principe ‘voor het leven’ aan de houder verstrekt. Bij het aanschaffen van een nieuw voertuig (auto of motor) behield de eigenaar zijn eigen nummer. Wel konden nummers om allerlei redenen vervallen, waarna ze opnieuw werden uitgereikt.3

It earste kenteken yn Penjum wurdt yn 1907 registrearre op namme fan Tjitze Hoekstra: in stoomfyts mei B-247. Lang hat Tjitze net genoaten fan syn gloednije stoomfyts, want it Nieuwsblad van Friesland: Hepkema’s krante van 4 septimber 1907 meldt it folgjende:

WITMARSUM, 31 Augs. Vrijdagavond omstreeks 11 uur kwam op den weg Pingjum—Witmarsum Dr. Hoekstra met zijn stoomfiets in botsing met een gardeniershooiwagen van L. J. S. uit Witmarsum, die geen licht op had. De stoomfiets werd vrij wat gehavend en Dr. H. bekwam eenige ontvellingen aan de handen.

Yn juny 1908 krijt de hear Hoekstra it nûmer B-314, mooglik foar in automobyl. Yn itselde jier wurdt de Oldsmobile fan keapman Douwe Sieswerda registrearre mei it kenteken B-295. Elkenien út it doarp wurdt troch Sieswerda freonlik únoege om in tochtsje te meitsjen mei dit bûtenlânske wûnder op tsjillen. De tredde oanfraach út Penjum is ôfkomstich fan Siebren Bruinsma. Syn auto krijt yn 1915 kentekenplaat B-1333 (sjoch ôfbylding 15b. Fotograaf: J.J. Sieswerda). De oare nûmerbewizen út Penjum en Fryslân 1907-1950 binne te finen op http://kentekens.tresoar.nl/index.php?naam=&plaats=Pingjum&nummer=&submit=eenvoudig+zoeken

B-1333, kenteken van Siebren Bruinsma (1915)
Ofb. 15b: auto-kenteken fan Siebren Bruinsma (1915)

3. JAN REITSMA / KEATSEN

In útsonderlike keatser is de Penjumer ‘bindebaes’ en terskmasine-foarman Jan Reitsma (1869-1959). 4 Hy wint 9 kear de PC yn Frjentsjer, ynklusyf 3x it keningskip (1893, 1899, 1903) en 4 kear de Bondspartij (sjoch ôfbyldingen 16 en 17). Reitsma giet te foet nei de keatspartijen en knypt ûnder it rinnen hieltyd yn in keizelstien as warming up. Fierdersoan ûnderbrekt hy in min ferrinnende keatspartijn foar in besite oan it húske yn de herberch en it efteroer slaan fan in pear glêzen bearenburch, ûnder it sizzen: “No haw ik better sicht op ‘e ballen krigen”! Nei it beheljen fan in earste priis – hy sil der op it lêst 258 – leit de keatsreus jûns let as er by it hûs fan syn oansteande Tryn lâns komt in blom út ‘e segekrânse yn it finsterbank fan har wenning.

Reitsma
Ofb. 16: Jan Reitsma

Jan Reitsma stiet ‘útslager’ bekend om al achterútrinnend op it perk servearre ballen goed pleatst te retoernearjen. Per fyts yn flipjas ridend nei en fan Frjentsjer is hy op heechbejaarde leeftyd jierrenlang en trou besiker fan de PC, krijt dêr in eareplak foar de bestjoerstinte, krijt yn de skoft fan de PC-foarsitter notaris K. Bijlsma as blyk fan hulde soms it fersyk eefkes koart te stean gean: ”Jan wol wol even stean gean, tink?”, wêrnei de earder kening-keatser it hjirop folgjend ovasjoneel applaus steande mei in yntroverte stilheid en oandwaanlike kalmte yn ûntfangst nimt.

afb. 17: Bondspartij
Ofb. 17: Penjum wint Bondspartij (1897). Fan lofts nei rjochts: Bernardus Wiersma, offeardige Douwe Jogchums Sieswerda, Jan Reitsma, Taeke de Jong

Ek de jeugd út Penjum wint yn dizze ieu yn Wommels moaie 1e prizen (goudene horloazjes). De Freule:
– A° (1910) >Jan Reitsma jr./ Jan P.Dijkstra/ Otto Postma;
– A° (1927) >Dirk L. Hilarides/ Seakje R. de Vries/ Tjerk S. Hiemstra;
– A° (1959) >Tjalling S. Huizinga/ Oebele Di. Wijnalda/ Jan v/d Meer;
– A° (1981) >Abe B. Kooistra/ Dirk H. de Haan/ Sjoerd A. Nieuwenhuis.

Yn har jonge jierren bringt it partoer Tjeerd J. Oppedijk/Ruurd B. Posthumus/Rients G. Gratama folle prachtige prizen mei werom nei har berteplak. Fierders moat Bartele Kooistra – in kop grutter as de measten fan syn leeftydsgenoaten – mei eare neamd wurde. Syn leafhawwerij fan en syn prestaasjes yn de Fryske balsport is rjocht evenredich mei syn lengte. Syn soan Abe Kooistra sil letter mei klam de dúdlike fuotstappen fan syn heit drukke, mei dit ferskil dat er him yn syn kwaliteit net allinnich beneist komt, mar royaal oertreft (winner Freule A° 1981 & KNKB klasse keatser). Foar in folslein oersjoch fan 100 jier keatsen yn Penjum ferwize wy yn dit ferbân nei Tj. Huizinga’s “Yn’e bân 1896-1996 fan Penjum”, 1996.

De Harmonie, oprjochte yn 1894, is in muzykferiening dy ’t him faak hearre lit yn it doarpke Penjum (sjoch ôfbylding 17a. Ut: archief J.J. Sieswerda).

Pingjumer Harmonie (1919)
Ofb. 17a – muzykferiening De Harmonie (1919)

4. DE KRISIS

Nei de crash op swarte tongersdei yn oktober 1929 op de effektenbeurs yn New York folget nei de finansjele krisis in wrâldwide ekonomyske krisis. De jierren tritich bringe massale wurkleazens. De oanlis fan de Ofslútdyk flakby biedt net foar eltse Penjumer gaadlik wurk; wurkleaze arbeiders wurde deidielen dwaande hâlden mei bygelyks figuerseagjen yn de ‘bierhalle’. Yn it boek SESI fan Nynke Sietske de Vries wurdt beskreaun hoe ’t kastlein-timmerman en syn gesin de krisis ûndergiet:

Ondertussen waren we in crisistijd beland. De ‘fleur’ (vrolijkheid) raakte uit de mensen, uit het dorp en ook uit onze herberg. De belastingen gingen omhoog, de verdiensten omlaag en wij kostten meer dan dat wij met elkaar konden verdienen.5

Fierders hat it doarp noch wol de beskikking oer in florearjende middenstân – in gearfetting út de Nederlânske ferzje fan de website: café (1) café/logement (1) benzinepomphouders (2) petroleumventers (2) bakkers (4) slagers (3) barbier (1) kapper (1) schoenmakers (2) kleermaker (1) kruidenier (1) drogist (1) kleine kruideniers(talrijke) fotograaf (1) vrachtrijders (2) wagenmaker/klokkenluider (1) turfschippers (2) brandstofhandelaren (2) eierhandelaar (1) galanteriewinkel (1) klompenhandelaren (2) autobeurtdiensten (2) melkboeren (2) winkels voor garen/textiel (2) rijwielherstellers (2) dorpsomroeper (1) timmerbedrijven (3) beurtschipper (1) groentewinkels (3) huisschilders (2) ijzer/hoefsmeden (2).

Yn de lânbou wurdt noch allinne gebrûk makke fan hynders; nei de oarloch komt de tractor.

It doarpslibben ferrint noch altyd neffens detaillearre protokollen by:

  1. by ferstjerren
    (1) it leed oansizze yn it hiele doarp;
    (2) de gearstalling begraffenisoptocht: foaroan de leedoansizzer, dêrnei de dragers mei de swarte lykbaar, dan de manlju mei swarte hoed en op ’t lêst de froulju mei swarte wale;
    (3) it lieden fan beide klokken (dêr ‘ t it lieden fan de lytse klok foarôfgiet by in ferstoarn frou en de swiere klok by in ferstoarn man) en trije kear in slach om it tsjerkhôf ensf.
  2. By berte
    It beneamen mei in foarnamme bart neffens in fêst patroan
  3. It sluten fan kontracten mei lânarbeiders en boaden: op 12 maaie as fêste datum.
  4. De merke/ kermis / keatsen fan de earste klassers
    Op de earste snein fan septimber; in wike earder de keatspartij foar de leden van de eigen keatsferiening (de ‘lyts Penjumer merke’).
  5. it eltse dei lieden fan de klokken krekt nei de klokslach 12.00 (waarm iten) en 18.00 oere.
  6. de Fiering fan St. Jansdei (op 27 desimber) oant ein 19e ieu; ôfskaft yn 1882. 6

It is net allegear ellinde yn de jierren 30. Der binne ek noflike mominten. Sa wurdt yn 1936 de ferloving fan prinses Juliana mei prins Berhard optein fierd yn Penjum (sjoch ôfbylding 17b. Ut: argyf J.J. Sieswerda).

afb. 17b - schoolfeest ter ere van de verloving van prinses Juliana
Ofb. 17b – feest ta eare fan de ferloving fan prinses Juliana

5. DE MOBILISAASJE (1939-1940)

Op 28 Augustus 1939 wurdt troch it regear de Algemiene Mobilisaasje fan it Nederlânske leger ôfkundige. Ek foar de gemeente Wûnseradiel – mei de Wûnsstelling (sjoch ôfbylding 18) binnen de grinzen – krijt dit konsekwinsjes, sa ’t bliken docht út de notysjes fan de doedestiidske boargemaster Johan Weerstra. Op 23 augustus krijt er in tillegram “Waarschuwing voormobilisatie”, op 24 augustus folge troch it tillegram “Voormobilisatie.”

Dêrnei komt 28 augustus it tillegram mei de oankundiging: “29 augustus Algemene Mobilisatie van Land en Zeemacht. Paarden vordering en motorrijtuigenvordering.” Mei de foarderingkommisje wurdt in regeling troffen oer it leverjen fan goed tûzen hunders. Deselde dei komt der ek noch in tillegram binnen fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken oer distribúsje fan iterij, kontrôle op it hamsterjen en priisopdriuwing en oer opjefte fan oanwêzige benzine. It fersammelplak foar de hysterfoardering is Wytmarsum, dy ’t foar de motorrydtúchenfoardering Penjum en Arum. 7

de Wonsstelling
Ofb. 18: de Wûnsstelling (kaart)

De Wûnsstelling is in 7 kilometer lange stelling fan Surch oan de Waadseedyk oant Makkum oan ‘e dyk fan ‘e Iselmar’, achter de natuerlike hindernis de Gooijumerfeart en de Molkefeart. Yn 1939 wurdt der ten suden fan Penjum oan ‘e de dyk nei Wûns in legerbarak in de ‘finne’ fan boer Wiebe de Jong bouwd foar de húsfesting fan heitelânske militêren yn har ûnpraktyske unifoarmen mei stive, bulterige, twingende uniformkraach, poeties om de skonken en swiere ‘kistjes’ oan de fuotten. 8

It is by dizze tidlike legering bleaun, want Penjum hat gjin spesifike rol spile yn de ‘stelling Wons’, útsein in beskieden ynundaasje (= ûnder strûpen lân) op Bûtendyk, inkelde foarútskoven fjildversterkingen fan de Wûnsstelling op syn grûngebiet en in kwartierfunksje by ferpleatsing fan troepen. De balstjurige boer Pieter de Jong tichtby Penjum is de wettermassa as gefolch fan de ynundaasje (sjoch ôfbylding 19) in maart sa tige sêd, dat er eigenmachtich diken begjint troch te stekken om syn lân wer droech te krijen. Dit wurdt him troch it leger net in tank ôfnommen en hij wurdt dêrfoar strafrjochtlik fervolge.

Wonsstelling - innundaties
Ofb. 19: de Wûnsstelling – ynundaasjes

Ûnderwilens is de stelling Koarnwertersân ree mei de bou fan 17 nijmoadrige kazematten fan wapene beton (kosten: fl. 2.215.000,-), om in oanfal yn ‘e rêch fan de marinehaven Den Helder en de ‘vfsting Holland’ ôf te slaan:

Voor de ligging van de kazematten is als uitgangspunt aangenomen dat van alle kanten artillerievuur kan komen, zij het het meest waarschijnlijk uit de NO tot ZO richting (de Friese kust dus). Voor de bovendekkingen is een betondikte aangenomen van 2 meter; de muurdikte bedraagt 2½ tot 3 meter, de binnenmuren tenslotte hebben een dikte van 1½ meter gekregen. Hiermee kunnen de kazematten weerstand bieden aan een voortgezette beschieting met geschut tot een kaliber van 21 cm en aan incidentele treffers tot kaliber van 28 cm. De kazematten liggen in twee linies en bestrijken beide kanten van de Afsluitdijk. De stelling is bewapend met 21 zware mitrailleurs type Schwarzlose kaliber 7.9 mm., drie kanonnen van het kaliber 5 cm en een marine anti-tankkanon van 5 cm.9

De organyke besetting fan Koarnwertersân bestiet út 7 offisieren en 220 ûnderoffisieren en manskippen. De betsjinning fan de kanonnen is ôfkomstich fan it Rezjimint Kustartillery. It sykljocht wurdt betsjinne troch it Rezjimint Sjenietroepen. Kommandant fan de stelling is kaptein C.F.J. Boers. Yn ‘e rin fan de Algehiele Mobilisaasje waakst it Nederlânske leger fan 100.000 nei 350.000 man ûnder de heechste befelhawwer fan de Nederlânske Striidkrêften generaal Izaäk H. Reijnders. Yn februaris wurdt hy opfolge troch generaal Henri G. Winkelman. Dizze wikseling fan de wacht hat ta gefolch dat fuortdaliks yn ‘e strategy de Grebbeberch opnommen wurdt as hert fan de Nederlânske sintrale definsjelinies: in oanlûking fan troepen út de noardlike provinsjes, dy ’t letter by de striid om Stelling Wûns foar de kop Ofslútdyk skraachoan mist wurde sille troch de ôfwezigens fan ferbiningsienheden en lange ôfstânsfjoer.

Yn Dútslân is de oarlochsopbou te fielen en sichtber oanwêzig. Sa wurde tidens de mobilisaasje en de Twaade Wrâldkriich brieven fan en nei Dútslân út foarsoarch troch it Obercommando der Wehrmacht iepene en ‘geprüft’ (= ûndersocht) en ferskynt op ‘e slufen stimpelteksten: “EIN VOLK HILFT SICH SELBST KRIEG-WHW” oftewol “IN FOLK HELPT SICHSELS OARLOCH-WINTERHULPSWURK”. En wat de Dútske sensuer niet oanstiet komt net oan op syn bestemming. 10

OPMERKLIK:
Yn de betide simmer fan 1939 kampeart yn oantal Dútse jongerein op it hiem fan pleats P. de Jong oan de Stuitlaan tusken Penjum en Wûns. Dageliks meitsje se oan de hân fan kaarten grutte kuiers en fytstochten yn de omkriten. De ferbazing van boer De Jong is grut, as de Dútske troepen op 12 maaie 1940 op syn hiem komme en hy in harren fermidden ien fan de kampearders werkent. Ek kapitein Van der Linden is nei ôfrin fan de striid fernuvere oer it feit, dat de Dútsers oer better topografyske kaarten beskikke as hysels en dat op dy kaarten sels de kazematten nûmmere oanjûn binne! 11

Fuotnoaten

  1. Monumentenzorg, rijksdienst van de, Pingjum, gemeente Wûnseradiel, beschermde stads- en dorpsgezichten, 1988
  2. Frieswijk, Joh. e.a., Geschiedenis van Friesland 1750-1995, side 73
  3. Historisch project Tresoar, oude Friese nummerbewijzen voor auto’s en motorfietsen. Zie: http://kentekens.tresoar.nl/
  4. Huizinga, Tj., Yn ‘e bân 1896-1996 fan Penjum, side 221
  5. De Vries, N.S., Sesi – een oorlogsrelaas van een jonge Friese vrouw voor haar broer in Nederlands-Oost-Indië, side 21
  6. Speerstra, R. J., De vierkante slag, Leeuwarder Courant dd 28. 12. 2002
  7. Topper, J., de Wonsstelling, side 18
  8. Ebbens, O., en E. Wijga, Dodendam MCMXLVI, side 108
    Stichting Kornwerderzand, geschiedenis van de verdedigingswerken, side 17
  9. Stichting Kornwerderzand, geschiedenis van de verdedigingswerken, side 5, 10
  10. Briefwikseling fan Hilde Oelmann út Braunschweig (adres: Wilhelm Bode Str. 11) en Berlijn, Dútslân, oan Aukje Sieswerda (Penjum). D’r is spitigernôch net sa folle bekend oer Brunhilde Emma Marie Kate Oelmann alias Hilde (1907-1983). De twa froulju leare elkoar kennen yn de jierren ’20. Hilde wurket op in beukerskoalle. Yn WO II wurde in tal brieven en ynsletten foto’s fan Hilde Oelmann-Raszat yn beslach nommen troch de Dútske Wehrmacht. Frau Oelmann trouwde yn 1941 en sy hat trije bern yn 1945: Gerda Ursula Herma Fisher-Raszat, Udo Raszat en Christ(i)anne. Argyf Dhr. J.J. Sieswerda
  11. Topper, J., de Wonsstelling, side 50
Advertenties