II. 1940-1945

DE DUTSKE YNFAL, DE BESETTING, HONGERWINTER EN DE SLACH BY PENJUM

1. DE DUTSKE YNFAL (maaie 1940)

Op freed 10 Maaie 1940 brekt de Twadde Wrâldoarloch út yn Nederlân. Yn de iere moarn, troch Adolf Hitler sels fêststeld op 03.55 oere Nederlânske tiid (05.25 Uhr Dútske tiid) stekke de Dútsers op in pear plakken de grins oer fan Noard-Nederlân. Sûnder in foarôfgeande oarlochsferklearring. Har opmars ferrint flot. De oanfalssône rint fan Noard Grinslân ta Coevorden. Neidat de grins is oerstutsen, splitse de Dútsers har dêrnei op yn krêftige ienheden. Under befel fan generaal-majoor Kurt Feldt set de 15.000 sterke 1.Deutsche Kavallerie Division – de lettere 24. Panzer Division – hurd ta nei de kop fan de Ofslútdyk. De deioarder fan generaal Feldt seit: “nei foaren sjen, nei foaren tinke en nei foaren ride”.

By de oanfal op Noard-Nederlân binne d’r trije Dútske oarders foar de 1.Kavallerie Division:

  1. gau Noard-Nederlân besette as noardlike flankferdigening fan de Dútske sintrale oanfal op it hert (Grebbeberch) fan de Nederlânske ferdigening foar de ‘Festing Hollân’;
  2. de stelling Koarnwerdersân feroverje en de regio ‘Kop’ fan de Ofslútdyk oermasterje ynklusyf de strategyske Rykswei 43 Boalsert – ‘Kop’, mei û.o. Penjum as flankdekking;
  3. de Iselmarhavens yn besit nimme / skipsromte foarderje om dêrnei de Festing Hollân binnen te fallen.

Boppe-op ‘e tsjerketoer fan Penjum speure in pear boargers mei fierrekikers de noardeastlike kimen ôf, op syk nei fijanlike troepebewegingen. Op it dak fan de ‘trochreed’ fan Hotel De Vries nimt doarpsgenoat en militêr fan de Nederlânske lânmacht S. Lemstra it easten foar syn rekken. Utsein it oerfleanen fan eskaders Heinkel dúkbommesmiters en fijanlike Stuka’s dy ’t ferkenningen en foto’s meitsje bart der yn de earste dagen neat wat mei in opmars fan ‘e fijân te krijen hat.

Om ± 11.30 oere stjit de Dútske foarhoede (sjoch ôfbylding 20 en 20a), dy ’t oer Dronryp, Lutjelollum en Achlum optsjet, koart foar Arum op in dykofsetting, besteande út in dwers oer de dyk groeven grêft. In groep pantserweinen berjochtet dat alle nei Penjum en Surch liedende wegen blokkearre binne. Pioniers wurde ynset om de ofsettingen op te rêden en yntusken wurdt it gros fan de ôfdieling yn Achlum, Kimswert en Arum ûnderbrocht. Fierder wurdt nei de opromming fan de ofsettingen it 3e eskadron nei Penjum foarútskowt. Fan de Dútske troepen dy ’t fanút Ljouwert nei Harns trochstjitte bûgt in part ôf nei Penjum. Healwei de wei tusken Penjum en Wytmarsum sil men op ‘e heechte fan in dûker noch in slûf yn ‘e wei grave. In klap mei in houwiel is foldwaande om de streamkabel tusken Wytmarsum en Penjum te ferniele. Dêrtroch komt it doarp dy dei sûnder stream te sitten. It euvel is oan it ein fan ‘e dei wer ferholpen. 1

afb. 20: de Duitse opmars in Friesland in mei 1940
Ofb. 20: de Dútske opmars yn Fryslan yn maaie 1940

afb. 20a: de Duitse opmars in Friesland in mei 1940 (ingezoomd)
Ofb. 20a: deselde ôfbylding  (ynzoomd)

De earste Dútske ferkenners op motorfyts mei sydspan berikke Penjum op 11 mei 4 oere middeis ûnder prachtige waaromstannichheid. De 1.Radfahrerabteilung is rjochte op de Wûnsstelling en wurdt op deselde dei ten noardeast fan it doarp legere.

De militêren fan de 1e Dútske Radfahr Abteilung ûnder kommando fan Oberstleutnant Maximillian Reischsfreiherr von Edelsheim (alias: ‘Der Alte’) brûke it doarp as bivak en nesteljen him yn de pleatsen yn it strie dêr ’t in Nederlânsk detasjemint krekt is ferdwûn en driuwe har hynsters de greide yn om te weidzjen. De besetters genietsje fan de ‘Eiercognac’ (advokaat), Bohnenkaffee, Kwatta sjokolade-repen en sigaretten. Yn en om Penjum wurdt gjin striid levere. Behalve yn de loft.

Dútske boarnen en in forum op http://www.grebbeberg.nl/ berjochtsje oer inkelde ferliezen:

  1. Kurt Ilschner
    Berne op 06-01-1915 yn Castrop-Rauxel
    Letzter truppenteil: Kradmeldezug 40,der 1e kavallerie-division
    Letzter dienstgrad: Gefreiter/Ordonnans
    Gefallen: 12.05.1940 Penjum
    Aard fan de ferwûning: Kopfschuss
  2. Max Kreilinger
    Berne op 21-07-1915 yn Köln
    Letzter truppenteil: 2./Radfahr-Abteilung 1
    Letzter dienstgrad: Oberschütze
    Gefallen: 12.05.1940 Penjum
    Aard fan de ferwûning: ûnbekend

Yn de earste dagen fan de ‘Blitzkrieg’ makket in fleantúch Messerschmitt Bf 109E (sjoch ôfbylding 21, út: ûnbekend) fan de Deutsche Luftwaffe 6e Staffel Jagd Geschwader 186 – fanút Stelling Wûns rekke troch twa foltreffers yn ‘e benzinetank troch it 9e Depôtbataljon ûnder kommando fan 1e lt. J.P. Winsemius – in needlanding in pear hûndert meter ten suden fan Penjum, by de wei nei Wûns deunby Lutke Pingjum. De piloat is neat oerkommen. Syn namme is neffens ynformaasje op http://www.luchtoorlogfriesland.nl/nei alle gedachten Helmut Mertens. 2

afb 21: een neergestort Duits gevechtsvliegtuig nabij Pingjum
Ofb. 21: Dútsk fleantúch delstoarte by Penjum

Twa dagen letter komt in twadde Dútsk fleantûch del by Penjum: in Heinkel He-111J bommesmjitter (sjoch ôfbylding 22, boarne: Deutsche Bundeswehr) dy ’t ferkenningen docht en foto’s oan it meitsjen is boppe Koarnwerdtersân en Surch. De bommesmjitter is oansketten út de Wûnsstelling en stoart del tsjin de Gouden Halsbân tusken Surch en Penjum en brekt yn twa stikken. 4 man oerlibje; 1 sneuvelt.

afb. 22: Heinkel HE 111 bommenwerper. Bron: Bundeswehr
Ofb. 22: Heinkel HE 111 bommesmjitter

Bystander út de earste hân boer Roel Wijmstra fan Waltinga-state oan de Waltingalaan te Penjum jout mei út namme fan syn feint dêroer it neikommende ferslach, tagelyk befêstige troch Dirk L. Hilarides en meardere pleatselike (jonge) omstanders, in rapport (nr. 59-1011 oan de Prokureur-Generaal yn Ljouwert) fan de gemeenteplysje Wûnseradiel en it gefjochtsferslach fan Marine-ûnderoffisier W.J. Jacobs d.d. 15 maaie 1940:

Ik was op die 12e mei aan het werk op de boerderij met mijn knecht toen ik ineens vanaf de zeedijk een vliegtuig zag naderen dat kennelijk in de problemen zat. Het was een twee motorig vliegtuig met een glazen neus en de Duitser leek een noodlanding te gaan maken. Hij raakte de grond en sloeg met een zware slag tegen de glooiing van de zogenaamde gouden halsband, een laag slingerend dijkje. Hij sloeg over de kop, maar vloog niet in de brand. Het was een paar honderd meter van mij af gebeurd en ik rende erheen. Ik zag vier mannen eruit klimmen en snel in de (oostelijke) richting (Pingjum) van de Duitse troepen lopen. Toen wij bij het toestel kwamen en door de glazen neus naar binnen keken zagen we de piloot zitten. Hij was dood en ik zag dat hij net onder zijn vliegkap een kogelgat in zijn voorhoofd had.3

Yn de nachtlike ûren fan 12 maaie komt in Dútske ferkenningsienheid, besteande út sân pantserweinen, út it noarden oan by Surch. Dizze ienheid wurdt troch de Nederlânske Keninklike Marine ûnder fjoer nommen, dêr ’t fjouwer pantserweinen útskeakele wurde. It oerbleaun part lûkt him doe wer werom nei Penjum.

Om 06.15 ûre giet it Nederlânske gefjochtsfleantúch Fokker C-V nr. 594 fuort mei as opdracht de ferkenning fan fijanlike artilleryopstellingen en dizze te fotografearjen. De Fokker C-V nr. 612 krijt de opdracht de troepefersammelingen foar de Wûnsstelling te ferkennen. Yn it noardeasten fan Penjum wurde in grut oantal ôfsealde hynders waarnommen, dy ’t dêr by in pleats stean, wêrút is ôf te lieden dat him by dizze pleats in ôfdieling fijanlike kavalery ophâldt.

Om-en-by 12.00 oere iepenet de Dútske artillery, opsteld noardlik fan de line Wytmarsum-Penjum, it fjoer op it stellingdiel tusken Gooium en Haaijum, wylst wurdt waarnommen, dat de fijân troepen útlaadt yn Penjum. Om goed 13.00 oere giet de Dútske ynfantery fanút Penjum foarút oan de wjerskanten fan de wei  Penjum-Koarnwert. Dit binne it 2e (súden fan de wei) en 3e eskadron (noarden fan de wei). Fan de Kop Ofslútdyk jouwe de opstelde Nederlânske stikken fjoer ôf in eastlike rjochting op de út Penjum oankommende fijân. It fjildgeskut fan de Dútsers begjint no ek mei sjitte: sawol tusken Penjum en Arum as oan de Waltingelaan ûnder Penjum is in stik geskut opsteld. Dêrneist is de oanfal op Koarnwertersân begûn: in searje loftoanfallen, folge troch artillerybesjittingen fanôf de Fryske kust.

Nei besjittingen fan de Fryske kust beslút de Dútske legerlieding yn ‘e neimiddei fan 13 maaie (pinkstermoandei) mei de fersterke striidgroep fan Reichsfreiherr luitenant-kolonel Von Edelsheim de stelling Koarnwertersân oan te fallen. De oanfal wurdt mei sa’n 600 man útfierd, ferdield oer fiif stjitgroepen. Yn ‘e jûn fiert in peloton ûnder lieding fan leutnant Heinz Kolczyk in bewapene ferkenning út rjochting Koarnwertersân. Op in ôfstân fan 800 meter lit kaptein Boers it fjoer iepenje mei brisantgranaten út it 5 sm.-geskut fan kazemat II en VI. De oanfal is in folsleine mislearring; de Dútsers fiere harren ferwûnen en sneuvele soldaten sa gau mooglik ôf.

Oer de werklike ferliezen is nea wat yn in oarlochsferslach neamd. De Dútske ferlieslist praat mar fan in pear sneuvelden, mar út it deiboek fan de Dútske Divyzje-dokter docht achter bliken dat op 17 Maaie noch tsientallen ferwûne soldaten yn it sikehûs te Ljouwert lizze. Kapitein Boers hat in eigen rûzing fan de  Dútske ferliezen yn in brief d.d. 18 januaris 1941:

Uwe toezegging gedaan in Uw schrijven d.d. 15 dezer geeft mij aanleiding U thans gaarne de door U gewenste inlichtingen te verstrekken temeer daar ik mij met Uw oordeel omtrent de in de M.S. (militair tijdschrift) verschenen bijdragen betreffende de gebeurtenissen van 10-15 Mei 1940 geheel kan verenigen … 5

Ek de Penjumers sprekke der oer: “It bloed streamde ta de Dútske legerauto’s út.” Ut it weromfûn register troch de skriuwer Jac. Topper fan it boek ‘De Wonsstelling’ docht bliken, dat op 8 augustus 1940 alle yn Fryslân yn de maaiedagen van 1940 sneuvele of oan harren ferwûning ferstoarne Dútske militêren, dy ’t tenearsten in fjildgrêf krigen hawwe, herbegroeven binne op ‘e Noorder Begraafplaats yn Ljouwert. It giet om (yn foalchoarder fan dit register):

Deze twee militairen zijn gesneuveld bij Pingjum.
6. Abraham, Ernst, veldgraf bij boerderij Houw, daarna op kerkhof Pingjum, van zijn begrafenis aldaar is geen aantekening gemaakt.
7. Seela Willy, begraven te Zurich bij de kerk;
   Van de laatste twee militairen is bekend dat ze respectievelijk op 13 en 12 mei 1940 zijn gesneuveld op de Afsluitdijk.

Op tiisdei 14 maaie begjint de artillerybesjitting op Stelling Koarnwertersân opnij. Hjirop hat de kazematbesetting ûnderwilens it passend antwurd klear. Telefoanysk binne fan de Fryske kust ferkrigen oanwizings oer de koördinaten fan de Dútske geskutsopstellingen trochjûn oan Den Helder en fan dêr ôf radiografysk oan de ±15 kilometer út de Fryske kust yn de Dove Balg lizzend kanonneerboot Hr. Ms. Johan Maurits van Nassau dy ’t de Dútske stellingen mei sukses ûnder fjoer nimt. Nei goed 100 skotten ferdwynt it skip wer, omdat de driging fan de Dútske fleantugen grut achte wurde. De Dútske artillery fan de Fryske kust swijt. Ek folget der gjin nije (ferkennings)oanfal oer de Ofslútdyk.

Wol besiket it Dútske leger mei nije loftbombardementen. In foltreffer mei in bom fan 500 kg. skuorret in gappend gat yn ien fan de bunkers. Ut Den Helder wurdt spesjale hurddroegend beton stjoerd. Maar it is net meer needich. De Nederlânske legerlieding hat nei it swiere bombardemint op Rotterdam en de bedriging dat Utert mooglik itselde lot wachtet, besletten om de wapens del te lizzen, mei as doel om fierder bloedferjitten tsjin de oppermachtige, goed trainde en moderne bewapene fijân foar te kommen.

Yn totaal wurde der fan de hiele besetting fan de Wûnsstelling sawat 300 Nederlânske militêren kriichsfinzenen makke. It totale oantal kin ûnderferdield wurde in twa groepen: groep Warkum en groep Penjum. Beide groepen wurde ôfsûnderlik fan elkoar ôffierd. Neidat de Dútsers de foarposteline, beset troch de 1e, 2e en tredde seksje fan de 9e Res.Gr.Comp., beset hawwe wurde dizze ienheden twongen om him mei it meinimmen fan harren ferwûnen te fuot te ferpleatsen nei Penjum, dêr ’t hja tydlik fêst sette wurde yn in greide (it keatsfjild, de “bân”, tsjinoer de Leanefeart).

Penjumer soldaat Teake Schat, yn Wûns noch foar in grut part yn slagersklean en dêrtroch net troch de Dútsers werkend wurdt as militêr, krijt in skop ûnder syn achterste en it driuwende advys om sa gau mooglik nei hûs yn Penjum te gean. Hy wurdt earder yn in pleats krek foar Wûns gefangen nommen en hat krek de noch droege klean oanlutsen fan syn al yn boarger flechte kommandant fan Stelling Wûns. Teake hat nammentlik in skoftke yn in nei-oan sleat lein om net troch de leech oerfleande kûgels rjochting Stelling Wûns rekke te wurden en is doe ’t de striid befalle is nei dy pleats gien. Sippe, de soan fan Teake Schat, seit letter oer dit barren:

“De Duitsers dachten echter aan zijn kleren te zien, dat ze de kolonel van dienst te pakken hadden en namen hem gevangen. Wel was hij vanwege zijn beroep ook kok in het Nederlandse leger. Men kreeg echter door, dat hij toch niet de beoogde hoge militair was, maar een gewone, nu ontwapende soldaat. Hem werd daarop door de binnengevallen Duitsers met het geweer in aanslag gevraagd “Wo wohnst du?” en hij wees daarop naar de toren van Pingjum, waar zijn vrouw en kind nog in de slagerij Grote Buren 22 verbleven. Nadat hij hen dat had duidelijk gemaakt, werd hij uit krijgsgevangenschap ontslagen en kon hij daar heen gaan met de verplichte achterlating van de resterende militaire bezittingen.”

As de Dútsers ek de wjerstân by de betonbrêge brutsen hawwe, moatte de kriichsfinzen makke Nederlânske militêren harren ek, mei ferwûnen, te foet ferpleatse nei Penjum.

2. DE BESETTING (1940-1945)

It Nederlânske regear is flechte nei Londen. It útwiken fan keninginne Wilhelmina nei Ingelân is eventsjes it petear fan ‘e dei: wie dit wol of net in ferstannich beslút? Hielendal bûten byld is sy net, want tidens de earste útstjoering op 28 juli 1940 fan Radio Oranje, fersoarge troch de Ingelske BBC, sprekt sy it Nederlânske folk moed yn en lit sa dúdlik as wat har ôfkarrende miening witte oer de besetter: “Wie op het juiste oogenblik handelt, slaat den Nazi op den kop. Ik heb gezegd.”

Nederlân krijt yn de besetting in boargerlik bestjoer ûnder leiding fan de Eastenrykse nazi: Dr. Arthur Seys-Inquart. Seys-Inquart besiket de Nederlanners ta meiwurking te bewegen mei de saneamde ‘flewielen want’ polityk. Adolf Hitler beskôget ús lân as ’Deutschfreundlich’ en geskikt om diel út te meitsjen fan syn ‘Grosz Deutschland’. As gebear fan goede Dútske wol wurde de kriichsfinzen Nederlânske militêren nei de koarte maaie-oarloch by útsûndering allegear nei hûs ta stjoerd.

De oarloch lit it doarp oant de befrijing 1945 likernôch gewurde. Penjum – hoewol net massaal aktyf yn it ferset – is anty-Dútsk en anty-NSB. Der sit mannich ûnderdûker en op ‘Hania’ is it ferset konsintrearre. Under de heitelânske twangarbeiders dy ’t nei Dútslân moatte, is it oantal Penjumers te tellen op de fingers fan ien hân. It oantal ûnderdûkers en húsfeste Nederlânske flechtlingen is tige grutter! Ien fan de Joadske ûnderdûkers is de 24-jierrige Koen út Amsterdam. Hy hat hast hiel Europa omswalke en skûlet bij boer De Jong. Razzia’s en hússikings levere min resultaten op foar de Dútske besetter. De sochte persoanen binne faaks fan te foaren warskôge troch it ferset en ha dêrtroch de tiid om ûnderdakplak te finen. Wol hearsket fanôf 1942 yn it doarp de oanhâldende eangst ferret te wurden troch NSB’ers, lânwachters, de haatlike Grüne Polizei of troch Nederlânske sympatisanten fan Nazi-Dútslân dy ’t der jild mei fertsjinje wolle. 6

Mar in inkeling út it doarp is oansletten by de NSB. Yn beset Nederlân bepleitet de NSB fan Mussert folsleine neutraliteit, mar har sympaty stiet gehiel oan ‘e Dútske kant: se ferwachtet nei de oarloch in ‘nij Europa’ op nasjonaal sosjalistyske grûnslach ûnder Dútske hegemony. De NSB wurket iepenlik tegearre mei de ‘Moffen’ en stiet (fergees) foar in gearfoeging fan Nederlân, België en Frânsk-Vlaanderen ta in Grut-Nederlân binnen in Germaanske of Europeeske Steatebûn. Mussert en syn maten krije wol geandewei mear ynfloed op de legere oerheid (folle boargemasters binne NSB-ers, lykas Catrinus Werkhoven yn de gemeente Wûnseradiel), mar gjin echte regearfoech. Seys-Inquart dielt de lekkens út en Hitler nimt Mussert amper serieus.

Frijheid en demokratyske rjochten binne ta nul redusearre: der is identifikaasjeplicht (sjoch ôfbylding 23, argyf J.J. Sieswerda). Elke Nederlanner fan 16 jier en âlder moat it persoansbewiis by him drage en by kontrôle op de iepenbiere dyk sjen litte oan it foege gesach.

afb 23: identificatie - stamkaart Dhr. Jochum Sieswerda
Ofb 23: persoansbewijs fan Jochum Sieswerda

Yn Penjum is oan iten gelokkich gjin in de earste jierren. De skoarstienen fan manmachtige pleatsen leverje foldwaande smookt spek, slachtfee is ticht by de hân, by it terskjen wurdt genôch weet ûnder de eagen fan kontroleurs fan de CCD bemachtige. De pleatslike smid is yn it besit fan in ‘mûne’, om út koalsied oalje te parsen en der is in knoarre oan ierappels, griente, earten, beannen en súvelprodukten. Guon fiedingsmiddels en artikels falle ûnder in distribúsjesysteem: de bonkaarten (sjoch ôfbylding 23a) wurde jûn troch fertoan fan op namme stelde stamkaarten. Dit systeem moat in earlike ferdieling fan krappe fiedingsmiddels en guod oer de befolking garandeare.

afb. 23a - textiel distributiebonnen
Ofb. 23a – tekstyl distribúsjebonnen

Sa no en dan wurde der hynders en fytsen foardere. Op it foarplein fan de iepenbiere legere skoalle wurde affysjes mei propaganda of feroardeningen fan de besetter oanplakt. De liedklokken út de Penjumer toer wurde foardere om by de easterbuorren omsmolten te wurden foar de Dútske oarlochsmasjine. Yn ‘e simmer fan 1941 wurdt in Nederlân in ferplichting ta it ynleverjen fan koper, tin en nikkel ynsteld. Yn Penjum wurdt dizze maatregel grutskalich tsjinwurke; it measte metaal ferdwynt nammentlik stikem ûnder de grûn. In oar gefolch fan dit metaaltekoart wurdt merkber sûnt 10 januaris 1942: munten fan sink wurde yn omrin bracht mei in wearde fan 1, 2½, 5, 10 en 25 sint (sjoch ôfbylding 23b, eigendom J.J. Sieswerda). Dizze wurde troch de befolking ek wol Rost van Tonningen-munten neamd, nei de destiidske NSB-president fan De Nederlandse Bank.

afb. 23b - oorlogsgeld (zink)
Ofb. 23b – 1 sint, 5 sint en 10 sint (sink)

Oarlochsbôle is makke fan ynferieur weetmoal mei tafoege rogge-, ierappel- of pûlfruchtemoal. En sa wurde geandewei mear surrogaatprodukten brûkt: sjippe wurdt ferfangen troch klaaisjippe, tabak troch binnenlânske ‘tabak’, kofje troch nôt en sûkerei (sjoch ôfbylding 23c, eigendom J.J. Sieswerda), leren skuon troch kartonnen skuon of klompen, surrogaat-sjokolade, ensafierder.

Ofb. 23c - surrogaat kofje út WO II
Ofb. 23c – surrogaat kofje

In inkelde kear ferskynt in Dútske patrûlje op ‘e fyts, meastens om in praatsje te meitsjen by de leugenbank. Op in snein trouwens hawwe se oare plannen. By it útgean fan ‘e grifformeerde tsjerke fetsje se in doarpsgenoat by de kraach. Dizze Penjumer freget om in sanitêre stop thús. Dat wurdt tastien. Fuortendalik naait  de arrestant fia in oer de holle sjoend syddoar it hûs út fia de ‘oarlochssteech’ nei syn âlden op ‘e Kamp. De prûstige Prusen moatte by it passearjen fan de mannichte doarpelingen spitsroeden rinne en keare mei lege hannen werom by Herr Hafenkapitän Yn Harns.

Ek it fanfarekorps ‘Harmonie’ wurdt (wer)oprjochte. In protte learlingen melde harren foar de oplieding tot muzikant ûnder lieding fan dirigent K.D. Adema. By dielname oan it earste muzykkonkoers yn Súdlaren hellet Penjum mei it muzyknûmer “Een zonnige dag op de Veluwe” de earste priis yn de fjirde klasse fan de Fryske Bond. Ek yn in jeugdkorps krije de jongerein de kâns om har te ûntwikkeljen ta in folwoeksen muzikant.

It doarpstoaniel hat net folle te lijen ûnder de oarlochsomstannigheden en lûkt folle sealen. Sa beskriuwt Siet de Vries in har deiboek (SESI, side 34) de toanieljûn fan 8 septimber 1941 yn de boppeseal:

“De uitvoering was onder leiding van Gratama. De zaal was in een wip vol, dat kwam doordat de kaartjes al van te voren uitverkocht waren. Dat heeft nogal wat ruzie in het dorp veroorzaakt, want sommigen zagen het wel twee of drie keer en anderen niet één keer. Ze wilden het bestuur soms te lijf gaan, wiens baantje mooier lijkt dan het is. Maar verder is er helemaal geen spul [ruzie] geweest. We hadden driemaal de zaal vol, de laatste keer zelfs overvol. De toneelstukjes waren een succes. Het publiek was gul met het applaus, wat wel het beste bewijs was. En die Gratama leverde ons daar een speech, geweldig! Een kwartier lang, om het dorp warm te krijgen voor de muziek, waar ze ƒ 1000,- aan aandelen voor nodig hadden.”

Want dat jildbedrach is hurd nedich foar de (wer)oprjochting fan it fanfarekorps ‘Harmonie’. Der wurde letter ferskate nije ynstrumenten kocht by de firma Stein yn Zaandam.

Op tongersdei 22 januaris 1942 wurdt yn Fryslân de 7e Alvestêdetocht ferride, nei de foarige yn 1941:

“Er deden wel 7000 deelnemers aan me, en die zullen wel weer overal vandaan komen. Pieter Attema [een Pingjumer] vertelde over zijn ervaringen. Die man is wel sterk, want hij heeft hem meegereden was ’s middags vijf uur officiële tijd aan de finish en daarna is hij nog naar huis gereden. Het was prachtig weer die donderdag; het vroor wel hard, maar de wind was veel minder. De kranten schreven dan ook dat de 8ste Elfstedentocht de mooiste geweest was die ze tot nu to gehouden hebben. S. de Groot uit Weidum heeft gewonnen. Een heleboel beste rijders hadden zich op de meren verreden, waaronder ook de rijders die De Groot wel partij hadden geboden. Maar niettemin is hij in een recordtijd verreden, dus wel een bewijs dat er gang in zat. Dirk Hilarides en Jochem [redactie: Sieswerda] hebben het ook volbracht.” 7

Midden yn de oarloch wurdt Penjum fersteurd troch in daverjende ûntploffing, as der in Dútsk fleantúch fan de Luftwaffe (sjoch ôfbylding 25, út: Friesland 1940-1945, Friese Pers, 1980, side. 62) delstoart op it lân fan de firma Sieswerda. In piloat daalt del mei syn falskerm by de ‘Grauwe Kat’, de oare giet my syn tastel ten ûnder. Belangstellenden út it doarp op ‘e rampplak wurde gau op ôfstân holden troch de Dútske militêren en de plysje. Allinnich de leden fan de frouljusklub “Nut & Genoegen (it “einebit”) binne har fan neat bewust; it oantal ‘petear’decibels op har gearkomste yn de ‘Bierhalle’ is blykber heger as dat fan de crash.

afb. 25: Duits vliegtuig neergestort op terrein van Firma Sieswerda
Ofb. 25: Delstoarte Dútsk Fockewulf fleantúch, Donkerbroek

Yn 1943 wurde eardere Nederlânske militêren fan de maaieoarloch 1940 oproppen om harren no noch as kriichsfinzenen oan te melden. Radio Oranje docht fanút Londen in oprop om him net te melden foar kriichsfinzenis. Dit slacht yn as in bom. Der ontstean in ús lân grutte stakingen. It earst by Stork yn Twente, dy ’t him hieltyd útwreidzje nei oare fabriken. It wurde de grutste stakingen (April-maaiestakingen / Molkestakingen) ea. Ek it plattelân yn noardlik en eastlik Nederlân litte harren net swak byspylje. Penjum likemin.

Der wurdt gjin molke mear levere oan de súvelfabrieken, mar fergees weijûn of rinne litten yn de sleatten. De boeren yn it doarp (anty-aksje) en de arbeiders (pro-aksje) komme yn koarte tiid yn de Penjumer tradisjoneel iensgesinde agraryske mienskip rjocht tsjinoer elkoar te stean. Aldus hat in ferneatigende nederlaach fan de Dútske Wehrmacht yn de Sovjet-Uny fierôf – dy ’t foar nazi-Dútslân in fatale omkear yn de Twadde Wrâldoarloch blykt te wurden – syn ferrassende en tagelyk ûngewoane reperkusjes yn Penjum tichtby brocht. Mar 8.000 eks-militêren, in fraksje fan it totaal, jouwe gehoar oan de oprop en litte har tewurkstelle, in protte binne ‘kriegswichtig’ (= ûnmisber foar de oarlochsfiering) en krije in frijstelling, oaren dûke ûnder.

De hegere plysjesjef Hans Rauter kundiget it plysjestânrjocht ôf, dêr ’t men sûnder foarm fan proses eksekutearre wurde kin. De besetter grypt wakker fûl yn: 900 minsken wurde oppakt en oerbracht nei kamp Vucht. Der falle 200 deaden, fan wa ’t 80 troch stânrjochtlike eksekúsjes útfierd wurde. Ta ôfskrikking wurde der plakkaten mei de nammen en beroppen fan de eksekutearden oanplakt. Der falle yn Penjum gjin slachtoffers. De besetters tinke dat Radio Oranje ús lân ta de stakingen oanset hat; dêrom moatte alle radio’s ynlevere wurde. Hoewol der tsientallen radiotastellen ynlevere wurde yn it gemeentehûs yn Wytmarsum, sit der ek in njirre ûnder it gers, neffens de jonge Douwe J. Sieswerda út Penjum:

Mijn vader had een oude defecte radio overhandigd aan de Duitse bezetter, terwijl onze echte radio naar de zolder verhuisde. Deze beslissing was niet zonder enig gevaar: je kon zo naar concentratiekamp Vught worden gestuurd. Een jaar later kregen wij een Duitse militair ingekwartierd en waren toen noodgedwongen ’s avonds naar de illegale buitenlandse zenders te luisteren. ’s Avonds, omdat onze gast namelijk nachtdiensten draaide.

Distribúsjekantoaren wurde wyt fan de Nederlânske ûndergrûnske. Om bonkaarten te bemachtigjen. Dizze bonnen wurde dêrnei fluch trochjûn oan ûnderdûkers of ferkocht op swarte merke om it ferset te foarsjen fan jild. Sa beskriuwt op 23 septimber 1943 de fersetskrante ‘Het Vaderland. Blad voor Nederlandse arbeiders in Duitsland’ in mânske oerfal op in distribúsjetransport op ‘e fjouwersprong Penjum-Surch, it earste optreden yn it iepenbier fan de groep-Lever knokploech út Snits:

“Zo vielen op 10 juli [redaksje: 30 juli] een zeven gewapende mannen, waarvan sommigen uitgedost met een masker, een pruik of een kunstbaardje, een transport van distributiebescheiden naar Pingjum aan. De wachtmeester werd onschadelijk gemaakt met een doek met verdovingsmiddel, en van zijn revolver en gummistok beroofd. Eén van de aanvallers zei: ‘In naam van de Nederlandse weermacht, geef hier die bonnen. Zijn er nog NSB-ers bij?'”

De Britske Lancaster bommesmjitters mei in aksjeradius fan 43oo kilometer hâlde nachts de Penjumers út ‘e sliep. Sy fleane geregeld mei brommende motoaren oer Fryslân mei harren bommefracht op wei nei Noard Dútslân en se smite tagelyk propagandaboekjes ‘de Wervelwind’ (sjoch ôfbylding 24, argyf J.J. Sieswerda) ôf, mei aluminiumstrips om de Dútske ôfwar/radar te fersteuren. Op paad werom nei Ingelân stjitte se ek oerstallige ballêst ôf, lykas hast lege kerosine konteners en fosforbommen (brânbommen) om oan de jachtfleantugen fan de Dútske Luftwafe te ûntsnappen om sa gau mooglik de thúsbasis te berikke. Soms mei deadlike slachtoffers, lykas yn Harns. Yn Penjum bliuwt de skea beheind ta lytse materiele skea. Militêr fleanbasis ‘Fliegerhorst’ is sa no en dan ek it doelwit: de luchtdruk-skokgolven fan de Alliearde strategyske bombardeminten op ‘e Dútske fleanbasis yn Ljouwert binne betiden te fielen yn Penjum.

Ofb. 24 – De Wervelwind (1943)

Oerdeis wurde de Britten ôfwiksele troch de alliearde Amerikaanske kollega’s dy ’t mei harren gigantyske Boeing B-17 ‘flying fortress’ bommesmjitters by de blauwe himel lâns komme en in fjourfâldig wyt kondensaasjespoar út harren motoaren efter harren litte. Foar jonges út Penjum in boeiend skouspul, dy ’t op ‘e rêch yn de greide meilibjend yn de loft folgje hoe ’t de Dútsers de float bommesmitters dy ’t op wei binne nei Dútslân fanôf de grûn troch FLAK ôfwargeskut besketten wurde en yn ‘e loft troch Luftwaffe Messerschmitt jagers bedrige wurde. In wyt wolkje tusken de Alliearde fleantugen – in misser fan de Dútske ôfwar – wurdt steefêst mei jûchhei begroete.

Op de skoallen giet it yn de besetting ynearsten syn normale gong. Der wurdt mei kroantsjesinketpen yn moaie skriften op wyt papier skreaun en rekkene. Yn in bank mei skean ôfrinnend skriuwblad foar twa bern sit foaroan yn ‘e midden in inketpotsje, dat mei in skúfke ôfsletten wurde kin om fersmoarging foar te kommen. Sjonge, moaiskriuwe binne aparte fakken, op ‘gedrach’ en ‘flyt’ wurdt op it rapport ek in sifer jûn. De master of juf sit of stiet achter in hege lessener foar de klas(sen). De saneamde grutte ‘obs’ skoalle hat fjouwer leslokalen: yn elts lokaal sitte mei in learkrêft meardere klassen byelkoar: klas1&2; klas 3&4;klas5&6(7).

Nei ferrin fan de besettingstiid ontstiet troch papierkrapte krapte oan skriften en krije de skoalbern in laai útrikt, wêrop mei in griffel skreaun en rekkene wurde kin. Mei in spûnsdoaske – dêr ’t in spûnske en in seemlearke sit – kin in folskreaune laai wer skjinpoetst wurde. Famkes hawwe hantwurkjen as apart fak; de jonges, tekenjen. Efter de klas stiet in hege kachel, dêr ’t de learkrêft út en troch in koalekit fol cokes kipert. Foar de klas boppe it skoalboerd hinget in topografyske ierdrykskundige kaart fan Nederlân. Yn de gong mei stiennen flier binne lange rigen kapstokheakken, wêrûnder fakken foar de klompen.

Oan ‘e ein fan de oarloch hat in groep Dútske militêren oan de súdswestside fan de iepenbiere skoalle in romte ta betsjinning fan harren grûnliedingljocht, ornearre ta oriïntaasje fan Luftwaffe nachtgefjochtsjagers op wei fan en nei Fliegerhorst Leeuwarden. Dêroer letter mear.

No ’t tidens de besetting aardich ferkearslij is – ôfsjoen fan fytsers en agrarysk ferkear yn de foarm fan hynder en wein – nimt it jongfolk fuortdaliks besit fan de frijkommen romte om te boartsjen, ôfwikselend stjoerd as troch in ûnsichtbere koade: knikkerje, tolle, tou-, bal- en hinkelspel (famkes), hoepje, fliegerje, tikspel, beamkeferwikselje, pylksykspel. Fierders ljeppe, aaisykje, (toarn)fiskje, swimme, keatse, damje, bouplaten meitsje, Dik Trom, Pietje Bel, Karl May (sjoch ôfbylding 25b, argyf J.J. Sieswerda) en Penning boeken lêze, sjoele, sniehutten bouwe, reedride, gliidbanen meitsje.

afb25b
Ofb. 25b – Karl May 1e printinge

Guon teenagers lykas Douwe Sieswerda en Rients Gratama folgje it nijs op ‘e foet en meitsje sketsen op papier fan wichtige militêre barrens yn de Twadde Wrâldoarloch. Ien fan ‘e lêste út it oarlochssketsboek fan Douwe toant syn ûngewosken miening oer de NSB (sjoch ôfbylding 26, argyf J.J. Sieswerda).

Douwe Sieswerda uit Pingjum keurt de NSB af via een tekening
Ofb. 26: tekening út oarlochssketsboek fan tiener Douwe Sieswerda (1945)

Oan it ein fan de oarloch, koart nei de alliearde ynvaazje D-Day (6 juny 1944) yn Normandië, komme der yn it doarp noch in inkele tsientallen militêren fan de  Luftwaffe yn kertier by boargers. Dizze ienheid stiet ûnder leiding fan de ûnderoffisier Herr Heuer en moat in ‘grûngeleideljocht’ betsjinje foar harren Messerschmitt-110 nachtjagers fan it ‘Haifischgeschwader’ op wei fan/nei de ‘Fliegerhorst’ Ljouwert. Ut syn histoarysk ûndersyk nei grûnjochten skriuwt Gerlof Langerijs ús neitiid:

“Inmiddels zijn er nieuwe ontwikkelingen. Onlangs is er een vergelijkbaar geleidelicht (sjoch ôfbylding 27, mei tank oan Dhr. Langerijs) met de codenaam ‘Katrin’ gevonden in Callantsoog. De theorie is thans dat het geleidelicht ‘Katrin’ in Callantsoog en dat van Pingjum met elkaar in verband staan. De veronderstelling lijkt aannemelijk, dat de Duitse jachtvliegtuigen van de basis ”Fliegerhorst” op Leeuwarden zich bij hun vluchten naar en van de Noordzee – waar zij de RAF bommenwerpers opwachten en bevechten – oriënteren op de grondlichten van Pingjum en Callantsoog, die in één rechte lijn liggen met het vliegveld in Leeuwarden. Eenmaal terug van de Noordzee op de lijn Callantsoog-Pingjum, kan de piloot in de verte al de grondlichten van de “Fliegerhorst”in Leeuwarden zien.”

Geleidelicht
Ofb. 27: Dútsk grûnljocht

De ynketierde non-politike militêren hâlde en drage harren korrekt, yntegrearje hurd yn it doarpslibben. Elkenien giet rêstich syn/har gong, ynklusyf sa no en dan unbehindere in dryste ûnderdûker. Desimber 1944 ferdwine de soldaten ynienen. Twa mooglikheden lizze foar de hân: of se binne ôffierd nei it Eastfront of mei hommels nei it Dútske Ardennen Offensyf. Nazi-Dútslân ferliest dat lêste offensyf yn januaris 1945 mei in fikse ierlitting fan de Wehrmacht fan 81.834 manskippen oan sneuvelden, ferwûnen en kriichsfinzenen.

De Dútske besetter hâld de leie strakker by it oankommende Twadde Kanadeeske Legerkorps en de deistige oanfallen fan de Britske RAF gefjochtsfleantugen op spoarweitreinen en – knooppunten en de Kop fan de Ofslútdyk. Utsein krêftstream by û.o. pleatsen wurdt it oanbod fan elektrisiteit oan wenningen stopset. De gesinnen moatte it jûns dwaan mei in saneamde ‘driuwerke’ yn oalje of kearsen foar foldwaande ferljochting. Om yn de kleankrapte te foarsjen sitte froulju wer achter it spinwiele om út skieppefluezen wollen jern te spinnen, dêr ’t wer mannich wollen klaaiïngstik makke wurdt: ûnderguod, lange hoazzen, klompsokken, jurkje, slipover, trui, iismûtse, wanten en al sa mear.

Op in sneontemoarn wurde de popelieren oan beide siden lâns de dyk Penjum-Wytmarsum yn in omsjoch troch de ynwenners van beide doarpen foar brânhout dold. Houten peallen en hikken binne lyksa fûgelfrij ferklearre. De swarte hannel bloeit libben. Swarthannelers binne lykwols strafber en meitsje faaks woekerwinsten ta skea fan de befolking.

Oan de spertiid, de jûnsklok tusken 24.00 nachts en 04.00 moarns, moat hja sich stipt oan hâlde. Guon minsken dy ’t yn spertiid wurkje moatte (loftbeskermingspersoniel, NS personiel, greideboeren en arbeiders, molkemeunsternimmers) moatte njonken it Persoansbewiis in saneamde Ausweis yn ‘e bûse ha: in soarte fan wurkfergunning dêr ’t op stiet wannear en wêr ’t men wurket, foarsjoen fan in hantekening en stimpele mei de Dútske earn mei hakenkrús.

De feestdagen ha net slim te lijen ûnder de feroare omstannigheden, want de bakkers út Penjum meitsje om 5 desimber in moai fersierde etalaazje mei har bakte lekkernijen. Boppedat kin der op sinterklaasjûn yn de behaachlike bakkerij sjoeld wurde om oranjekoeke en rollade.

3. HONGERWINTER (1944-1945)

De strange winter 1944-1945 giet foar westlik Nederlân de skiednisboeken yn as ‘Hongerwinter’. De grutte Spoorweistaking op befel fan it Nederlânske regearing yn ballingskip yn Londen, yn ferbân mei de oankommende alliearde loftlandingen by Arnhim, wurde troch de besetters as represaille beändwurde mei de wegering fan ferfier fan medisinen, klean en iten per trein nei westlik Nederlân, dat in ôfgryslike nachtmerje belibbet. Ek de oanfier fan stienkoal út Limburch is blokkearre, omdat de frontline ûnderwilens yn de Betuwe leit. Ek de wetterwegen binne befêrzen en ungaadlik foar ferfier. Ut it ferwoaste Arnhim komme minsken rinnend en op ‘e fyts nei de noardlike provinsjes en út de grutte stêden yn it westen dêr ’t krutte krapte oan it measte elementêre bederf ontstiet. De troch de Dútske Rykskommissaris op 20 oktober 1940 oprjochte helporganisaasje ‘Winterhulp’ hoecht trouwens by de Nederlânske befolking net safolle op vertrouwen en populariteit te rekkenjen.

Der is in grut tekoart oan brânstof en de itensfoarsjenning yn de grutte stêden is fier ûnder maat. Alle dagen wurde der troch de gearkokens in poarsje iten per persoan jûn yn de foarm fan in soarte fan tinne sop. Der wurde sûnder it minste beswier tulpebollen iten of der wurdt rispt út folsktúnsjes. Halseagjend sjocht men út nei de opbringst fan de hongertochten nei it plattelân fan Noard-Hollân en oer de 32 kilomter lange Ofslútdyk om by de boeren om iten te freegjen. In soad dogge dit mei de fyts, mei bernewein of de karre. Yn Penjum ûntfange de boeren de lânsmannen fan de “oare kant” fan de dyk gastfrij mei waarme sop, in miel en somtiden in oernachting, foardat sy de lange weromreis weagje mei de stille hoop dat se by de râne fan de stêd in kontrôle troch de ‘Landwacht’ mei harren fergees jûn fiedsel sûnder kleanskuorren passeare kinne.

De Landwacht is yn 1943 troch de besetter oprjochte as paramilitêre organisaasje, bemanne troch swarte learsde en yn swart klaaide NSB’ers mei jachtgewearen: ek wel unearbiedich ‘Jan Hagel’ neamd yn de folskmûle. Har taak bestiet út û.o. arrestaasjes, eksekúsjes, beweitsing fan gebouwen, kontrôle fan persoansbewizen, beslachname fan itenspakketten.

Ut foarsoarch sit in diel fan de jeugd út it westen in moai skoft as evakuee op it plattelân, fan wa ’t teminsten twa op frijwillige bases yn Penjum. Sa krijt Haagse evakuee Fred van den Assem kost en ynwenning by it gesin fan Jochum en Aukje Sieswerda. De reden fan syn flecht is net allinnich de bangens foar in hongerwinter, mar ek de oanhâldende alliearde bombardeminten op Dútske V2-ynstallaasjes en de Atlantikwall yn de direkte omjouwing fan Den Haach.

4. BEFRIJING FAN FRYSLAN EN DE SLACH BY PENJUM (april 1945)

Begjin 1945 ferfet it Twadde Kanadeeske Legerkorps ûnder oanfiering fan luitenant-generaal Guy Granville Simonds syn opmars fia de Isel (Zutphen, 8 april; Deventer, 11 april) nei it noarden en noardeasten. De Kanadeeske 2. Ynfanterydivyzje fan generaal Albert Bruce Matthews krijt oarders Grinzlân oant de Waadkust en havens te suverjen, om de felchtwei fan de nei it noarden opjeide Dútske Wehrmacht rjochting easten nei de Heimat ôf te snijen.

Identike opdrachten binne ornearre foar de Kanadeeske 3. Ynfanterydivyzje ûnder befel fan generaal-majoor Ralph Holley Keefler dy ’t Fryslân foar syn rekken nimme en suverje moat, foaral Penjum – Kop Ofslútdyk – Makkum besykje moat te feroverjen en ôf te grendeljen foar de Wehrmachtienheden yn westlik Nederlân (sjoch ôfbylding 28, boarne: ûnbekend). By dizze divyzje is de Kandadeeske 8. Infantery Brigade yndield, besteande út:
Queen’s Own Rifles of Canada (krúsjaal by de befrijing fan Penjum) &
– le Régiment de la Chaudière &
– the North Shore (New Brunswick) Régiment
De Brigade kiest Wolvegea-De Jouwer-Snits-Boalsert as haadmarsrjochting.

Bevrijding van Friesland (vasteland) 1945
Ofb. 28: de befrijing fan Fryslân 1945

Wylst it Frysk ferset d’r alles (spikers op ‘e diken, dykfersperringen) oan docht om de oan- en ôffier fan de Dútsers op te hâlden, komt der yn april 1945 in flechtlingestroom op gang, rjochting Noard Hollân: kollaborateurs, lânwachten en NSB’ers út Noard Nederlân flechte meastal mei stellen guod fia de Ofslútdyk. Dit bart foaral nachts, want oerdeis wurde se besketten troch Ingelske fleantugen.

Op snein 15 april 1945 is Snits befrijd. Op deselde dei wurde de Penjumers fersteurd troch gerattel fan karretsjillen. Op de hynstekarren sitte Dútske militêren mei mitrailleurs, karabinen en panzerfausten (antytankwapen)! Har opdracht is it doarp tjsin de tichterby kommende Kanadeeske 8. Infantery Brigade (mei tanks fan de ’Queen’s Own Rifles’) te ferdedigjen as beskerming fan de rjochterflank foar de oer de Ofslútdyk út westlik Nederlân weromlûkende Dútske Wehrmacht, NSB’ers en Landwachters. Om’t de Kanadeeske 2. Infanterydivyzje ûnderwilens fier op Grinzer boaiem stiet, is de flechtwei nei Dútslân al ôfsletten. 8

De militêre ienheid moat fuortdaliks op appel komme en krijt ynstruksjes fan har offisieren. Dêrnei ferspriede de militêren – ek skerpskutters – har mei harren wapens yn en om it doarp. It haadkertier wurdt festige yn de Bierhalle. Skoallen en huzen wurde fordere en untromd. De Dútske kommandant easket ynkertiering en in sliepkeamer op it easten by de famylje Jochum D. Sieswerda. De earnstige offisier sit by de mylen ynbannich tusken de famyljeleden oan tafel, docht him te goed oan ‘e waarme miel en bringt foar de bôlemiel syn eigen bekende soere Dútske kuch mei. 9

Op moandeitejûn 16 April 1945 wurdt Wytmarsum troch de Kanadezen befrijd: de nasjonale flagge giet op ‘e koepel. De fanfare giet mei marsmuzyk troch it doarp. Dizze feestwille is op ôfstân te hearren yn it besette Penjum. Kanadeeske tanks brekke troch dykfersperringen tusken Boalsert-Ofslútdyk. Pleatsen wurde yn ‘e brân sketten. De bewenners ûntflechtsje fleanende hurd, mar meie fan de Dútsers it doarp net út. Ek yn boarger ferkleide landwachters besykje stiekem derút te knipen. Oaren sykje – twongen as ‘libbend skild’ troch fanatike Dútske militêren, dy ’t swier bewapene yn harren mitrailleurposten of as skerpskutters yn en om ‘e doarp lizze – in skûlplak yn deeglike en yn somtiden primityf útfierde kelders en wachtsje yn spanning de untknoping ôf.

De 13-jierrige tiener Douwe (Jochums) Sieswerda siket tegearre mei syn âlders, suster Hotsche en harren Haagse evakuee Fred v/d Assem in skûlplak yn ‘e sterk wapene betonnen kelder fan syn buorman, omke Jelle Sieswerda, dy ’t sich dêr mei syn frou, de bern Griet en Sieberen en in Gooise evakuee Liesbeth ferskânzje. In frou mei baby fan Boatlân dy ’t op wei nei Wytmarsum troch bartske Dútsers weromstjoerd is makket it selskip kompleet. Ek de heechswangere foksterriër Teddy fan omke Jelle ûntbrekt net. Jûns yn de kelder bringt de terriër tidens de besjitting fan it doarp in oantal puppy’s op ‘e wrâld. Douwe Sieswerda yn syn deiboek, oer de omstannigheden yn ‘e kelder:

“Wij worden als levend schild ingezet, want vlak voor het kelderraam liggen Duitsers in hun mitrailleurspost. Wat voedsel en drinken betreft is er geen probleem: de keldertrap komt uit in de keuken. Er is voldoende licht in de kelder overdag via het kelderraam; ’s nachts gaan de kaarsen aan en olielampen zijn toereikend. Iedereen is voorzien van zijn/haar matras en deken. De granaten fluiten het gespannen gezelschap met korte tussenpozen over het hoofd om vervolgens elders in het dorp te exploderen. Door te tellen net als bij bliksem en donder maakt de jeugd een schatting van de plaats van inslag.” 10

In sommaasje fan de Kanadezen fanút it gemeentehûs yn Witmarsum oan de Dútske legerlieding yn Penjum om sûnder betingsten te kapitulearjen wurdt ôfwiisd. 11 Pront iepenje de Kanadezen mei in batterij houwitsers by Longerhou deselde jûn om 19.30 oere it fjoer en lizze in hiele nacht en in dei tagelyk in tapyt fan mortiersplintergranaten oer it doarp. By it earste salvo rekket de âldere keats-kening Jan Reitsma ljocht ferwûne.

Eefkes letter wurde de kelderbewenners opskrild troch lûden om it hûs fan Jelle Sieswerda:

“Een Duitse militair riep met een nijdige stem door het kelderraam: ‘Wo ist der Herr von der Ecke?’ Mijn vader vermoedt onraad als eigenaar van de stelpwoning op de hoek en sluipt weg door het wc-raam de steeg in. Mijn moeder – altijd kalm en goed in de Duitse taal – gaat met twee soldaten mee naar de ouderlijke woning op de hoek Grutte Buorren / It Leantsje. De militairen vragen om een broodmes en snijden de telefoonhaak van het toestel. Zij vermoeden namelijk verraad, omdat de Canadezen akelig precies hun posities weten te raken. Ook valt even de naam van Pingjumer Dhr. Vriesema die ook als een van de weinige dorpsbewoners in het bezit is van een telefoon …” 12

De measte doarpsbewenners naaie dochs út fia binnendyken en leanen nei de Riegeweg en fia de pleats fan S. Bakker nei de oanbuorjende befrijde doarpen Arum en Kimswert

Op tiisdei 17 April 1945 krijt de Nederlânske Kanadees kapitein Ben Dunkelman by Pingjum kontakt mei in fersetsman. Dizze docht it foarstel in oerjefte per telefoan te easkjen fan de Dútsers. Dy hâlde sich op de flakte. Fan fersetsminsken heart de Kanadeeske kapitein dat it noardlike diel fan de Penjumer doarpsrâne minder swier ferdedigd wurdt. Hy makket in plan wêrby in diel fan syn kompanjy in omgeande beweging makke sil om Penjum fanút it noarden oan te fallen.

Luitenant John Hancock krijt trije tanks en oare swiere wapens mei. De Dútsers wurde opnij in ultimatum steld: in oerjefte binnen twa oeren, oars folget de Kanadeeske oanfal. Twa oeren letter meldt Hancock dat hy op syn útgongsposysje is arrivearre. De Dútsers wurde no fanút it suden hurd oanfallen om harren oandacht fan Hancocks aksje ôf te lieden. Dêrnei krijt John Hancock it befel te optsjen. Underwilens hawwe flammewerpers in tsiental pleatsen wêryn understelde Dutske mitrailleursnesten sitte soene yn ‘e brân stutsen en yn roekende púnheapen feroare.

Ien derfan is de karakteristike Fryske kop-hals-romppleats fan boer Wiebe de Jong. Letter ferklearret de pakesizzer Haitsma fan Sjerp en Tiren Haitsma, dat de wurklikheid krekt oarsom is. Dat wol sizze, tidens de hiele besetting sit de pleats stiifvol ûnderdûkers dy’t Wiebe de Jong mei ’omke’ oansprekke en op ‘e jierdei fan ‘omke’ Wiebe binnen om meiïnoar mei de famylje om ‘e feesttafel yn de foarkeamer it feest te bywenjen. Soan Evert de Jong herinnert sich fan doetiid dat hy tige ferwûnderd en stille tsjûge is, “dat zijn vader ineens zoveel neven heeft!” Fan it hûs fan pake en beppe bliuwt allinnich de reinwetterbak oer. De ynwenjende bejierre Hidde de Vries wol net by syn jild wei en komt om it libben yn it baarnend hûs. Nei de striid by it sykjen yn de púnheapen liede inkelde himdsknopen nei de stoflike resten fan De Vries of wat d’r noch fan oer is.

Ek it suden fan Penjum stiet yn fjoer en flam. Frou Maaike Oebeles Wijnalda rekket oan de foet ferwûne troch in granaatdiggel. Sy komt yn earste ynstânsje teplak by de famylje Bakker en relativearret har letsel wol tige by tige mei: “Leaver myn poat der ôf, dan myn kop!”

It ferminderjen fan de besjitting mei mortiergranaten is in alle gefallen hoopfol. Yn ‘e fierte is de oankommende Kanadeeske ynfantery mei brencarriers te hearren, de earste geweerkûgels fluitsje om ‘e huzen fan de eastrâne fan it doarp. Yn in mitrailleursnets krekt foar in kelderfinster hearre de yn de kelder skûljende Penjumers de Dútske militêren flústerje: “Komm mit! Komm mit! Die Tommies!” D’r wurdt net lang wachte; mei it meinimmen fan harren wapens pike de Dútsers gau út en ferdwine yn de ynfallende tsjusterens.

As de Kanadezen by in wenning oan de Grutte Buorren oankommen binne en stimmen yn ‘e kelder hearre, raze se om de identiteit bekend te meitsjen. As hjirmei wat wifeling (om’t Dutch mei Dúts verward wurdt) opsmyt, wurdt d’r noch in hângranaat troch it erkerfinster fan de foarkeamer yn it hûs smiten. De granaat unploft boppe de hollen fan de Penjumer bewenners. Inkelden yn de kelder tinke dat krekt foar de befrijing it lêste ûre slagge hat. D’r wurdt op de doarbel drukt. Foar de iepene doar steane Kanadeeske ynfantery dy ’t de foarhoede foarmje fan hun bataljon dat it doarp snel tichterby komt. Foarop rydt luitenant John Hancock mei syn tank oant it sintrum fan it Penjum. Hy springt d’r út en ropt mei bolderjende stim yn it Dútsk, dat de fijân sich as de wjerljocht oerjouwe moatte. Mei ophefte earms jouwe de de Dútsers sich oer.

Pas jûns om ± 21.30 oere dûke de earste grutte groepen Queen’s Own Riffles of Canada yn bren carriers en BS’ers mei oranje earmbân om en foaroarlogse Nederlânske helmen op yn it doarp, om mei stenguns de Dútsers dy ’t harren sûnder ferwar oerjûn hawwe te sammeljen op de bleek fan de skoalmaster, wêr’t se – beweitst troch inkelde Kanadeeske militêren mei opstutsen bajonet – ferslein en sittende mei de rêch tsjin de muorre fan it hûs mei bûgde holle de fierdere ûntjouwings ôfwachtsje; leden fan de SS & SA wurde nei ôfrop ôfsûndere fan de Wehrmacht. As de Dútske kommandant by syn ôfskied syn gastfrou tankseit foar de korrekte behanneling en sy him freget, wêr’t hy de kommende nacht(en) tinkt te oernachtsjen, is it antwurd: ”Im grünen Grass!”

Yn de ynfallende skimer wurde de trije Dútske offisieren troch de befrijers ôffierd. Eventsjes letter falle d’r skeaten. De folgjende dei wurde d’r oan it ‘griene leantsje’ yn in greppel lichamen mei in skot yn ‘e nekke en op ‘e boarst úndutsen fan it Dútske trijetal, fan wa ek it lyk fan de eardere kommandant. De War Diary of the Queen’s Own Rifles of Canada seit hjiroer it folgjende.”The commanding officer of the enemy garrison was killed alongside two of his aides while trying to flee. All in all, the Canadian took at least 37 Germans captive, though they apparently lost count after a point.” 13

Eefkes letter wurdt in 17 jierrige Dútser/Easteriker arrestearre troch de Kanadezen en gûlend werom ferfierd nei Penjum. Hy is blykber yn panyk rekke en hat probearre it doarp yn boargerklean te ûntflechtsjen. De jonge militêr moat dêrnei yn oanwêzigens fan alliearde militêren en in groep folwoeksenen syn eigen grêf grave. Hy kin dit net en smeekt omdôch om genede. Fergees, want at it grêf groeven is wurdt hy achter de skoalle stânrjochtlik eksekutearre. In ekstra oarlochstrauma foar it doarp. 14

Woansdei 18 april 1945.

Yn Penjum is nei it ynferno in gaos: deade hynders, kij, geiten, militêre rommel, loshingjende stream- en tillefoantriedden, pún, dakpannen. Yn dizze disoarder yn in noch baarnend, nei buskrûd stjonkend doarp, dêr’t baltende net-molken kij yn hinne en werom fleane en op hol sleande losrinnende hynders mei de earen plat op ‘e kop troch de strjitten fjouwerje. D’r lizze yn it doarp ek sneuvele Dútsers. Sy wurde op lânbouweinen en feeauto’s nei de ‘jiskepôlle’ bracht en mei-inoar begroeven. Neidat it stof is delfallen, dominearret de swiere teheistere sealtekkolos in doarp mei allinnich skeinde en tydlik net te bewenjen huzen (sjoch ôfbylding 29a). 15

Pingjum in puin (1945)
Ofb 29a: Penjum yn pún (april 1945)

Penjum is befrijd. Mar de befolking is grimmitich. Frustrearre, omdat harren doarp yn pún leit wylst it oanbuorjend doarp Wytmarsum lûdroftich feest fierd hat tidens de besjittingen. In man út Wytmarsum dy ’t wat ta entûsjast de oarlochsskea opnimme wol wurdt yn Penjum mei stiennen en skuon bekûgele en makket sich rap út ‘e fuotten.

Neffens it Nederlânske Ministerie van Defensie binne der 46 Dútsers en 1 Kanadees oan militaire side sneuvele. Der binne 6 boargers fallen: de dames Tjamkje Blanksma – Buwalda, Akke Smit – Roorda & Akke Wallinga; de hearen Siebren M. Banning, Gerke Gerkema & Hidde de Vries. Fierder is d’r noch ien fallen: in Hollânske famke yn tsjinst by de Dútske Reade Krús. Yn ‘e striid om en foar Makkum sneuvelt de 32-jierrige Penjumer koalenhanneler en fersetsstrider Schelte D. Bruinsma. De ‘Makkumer Belboei’ 6 maaie 2009 hjiroer:

Bij het helpen van de Canadese bevrijders, die vanaf Bolsward, via Wons naar Makkum kwamen, kreeg een sectie van de NBS enkele opdrachten. Duitsers hadden zich verschanst hoog in een boerderij. Bij beschietingen in open veld, vanuit de boerderij, werden de NBS-ers Schelte Bruinsma en Simon Sipma gedood

Letter hearre wy dat ús yn ‘e rin fan de Japanske besetting fan Ned. East Yndië Sækele R. de Vries ûntfallen is. Hy is op 1 maart 1945 stoarn yn Pakanbaru. Sækele is yn 1937 mei syn frou Brandie ôfreizige út Nederlân en wurket oan de oare side fan de wrâld foar Bataafse Petroleum Maatschappij (letter Shell). Sækele is de âldste broer fan Siet de Vries. Tidens de oarloch freget hy oan syn suske om in deiboek by te hâlden, sadat hy letter lêze kin wat sy yn de oarloch meimakke hat. It deiboek, 17 skoalleskriftsjes, oerlibbet koart nei de befrijing in fûle boerderijbrân. Yn 2015 ferskynt it yn boekfoarm mei as titel SESI; dat is de poppenamme dy’t Siet brûkt foar har broer Sækele, it is ek in gearfoeging fan Sækele en Siet.

Belúster radio-útstjoering Omrop Fryslân 2005
PENJUM 60 JIER BEFRIJD:
fragmint 1 (YouTube – 06:20). Nederlânske ûndertiteling: J.J. Sieswerda
fragmint 2: (YouTube – 05:07). Nederlânske ûndertiteling: J.J. Sieswerda
– fragmint 3: komt noch

Op 5 mei 1940 kapitulearje de Dútske troepen yn Nederlân. In pear wiken letter fljocht de jeugd fan Penjum nei Rykswei 43 om ta te sjen hoe ’t tûzenen soldaten fan de Wehrmacht Pruisysk marsjearend op poetste learzens dwaande binne mei har lêste militêre operaasje: ”Der Weg zuruck’ (zie afbeelding 30,  bron: Friesland 1940-1945, Friese Pers, 1980, side 156). It jongfolk ropt spottend, mei de tomme nei it easten wizend: “Zurück, zurück!” In antwurd út de kolonne klinkt útdagend: “Wir kommen zurück!”

afbeelding - De Duitse aftocht in Bolsward
Ofb. 30: de Dútske ôftocht (Boalsert)

De befrijing fan Penjum wurdt pas yn septimber 1945 fierd. Fanwege de grutte ferwoasting yn en om it doarp hinne en omdat der militêre en boargerdeaden fallen binne tidens de belis yn april. Yn 1946 komme de beide Penjumer toerklokken anno 1598 (getten troch Willem Wegewart) en anno 1628 (getten troch Andreas Obertin) werom. Fan de Fryske toerklokken bliuwe d’r úteinlik 4212 sparre.

Fuotnoaten:

  1. Topper, J., de Wonsstelling, side 88
  2. Ebbens,O. & E.Wijga, Dodendam, side 108
    Stichting Kornwerderzand, geschiedenis van de verdedigingswerken, side 17
  3. Topper, J., de Wonsstelling, side 171
    Brongers, Lt.kol. E.H., vlgs lijst samenstelling neergekomen Duitse vliegtuigen mei 1940
  4. Brongers, E.H. opening kazemattenmuseum, Leeuwarder Courant
  5. Orizjinele brief fan kapitein C.F.J. Boers ‘Duitsche verliezen Afsluitdijk mei 1940’, argyf Dhr. Drs. J.J. Sieswerda, Bakkefeen
  6. Osinga, A., H. Bakker, tusken Vinea en Aggema, 1999, side 44
    De Vries, N.S, Sesi: een oorlogsrelaas van een jonge Friese vrouw voor haar broer in Nederlands-Oost-Indië, side 36
  7. De Vries, N.S, Sesi: een oorlogsrelaas van een jonge Friese vrouw voor haar broer in Nederlands-Oost-Indië, side 106
    Zie ook Elfstedenwiki over de 7e Elfstedentocht 1942: http://elfstedenwiki.vpro.nl/page/De+helse+Elfstedentocht+van+1942
    Zie ook het Polygoon Hollands Nieuws, videomateriaal van de NPO: http://www.npogeschiedenis.nl/speler.WO_VPRO_042152.html
  8. Dagboek ‘Bevrijding van Pingjum’ van Douwe (Jochums) Sieswerda, 15-18 april 1945, archief J.J. Sieswerda
    Harlinger Courant d.d. 8-10-1965, Vj 34, Pingjum: dorpje met ’n rijke geschiedenis
    Jong, Dr. L. de, het koninkrijk der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog dl. 10b het laatste jaar II, side 1094
  9. Dagboek ‘Bevrijding van Pingjum’ van Douwe (Jochums) Sieswerda, 15-18 april 1945, archief J.J. Sieswerda
    Bakker, H. D., Penjum, Oarloch en Befrijing, side 19
  10. Dagboek ‘Bevrijding van Pingjum’ van Douwe (Jochums) Sieswerda, 15-18 april 1945, archief J.J. Sieswerda
  11. Algra, A., De historie gaat door het eigen dorp VI, 1960, side 147
  12. In 2005 is Douwe (Jochums) Sieswerda 60 jaar na dato geïnterviewd door Radio Omrop Fryslân (fragment 1) over zijn ‘ondergrondse’ ervaringen tijdens 16-17 april 1945. Daarnaast doen Hendrik Bakker en Andries Osinga hun verslag van de bevrijding van Pingjum.
  13. The Queen’s Own Rifles of Canada, Operations near Pingjum, the Netherlands, April 1945. Library and Archives Canada. RG 24-C-3. Volume 15170. War Diary of the Queen’s Own Rifles of Canada, Canadian Active Service Force (April 1945). Appendix 52: 1-14.
    Mei dank oan it Nederlânske Ministerie van Defensie.
  14. Een militair in burgerkleding wordt toen volgens internationaal oorlogsrecht behandeld als een spion, met als ultieme straf: de doodstraf. Dezelfde straf die hij ook zou moeten ondergaan als hij door zijn eigen krijgsmakkers was gearresteerd, maar dan wegens desertie.
    Daarnaast is nog er nog iemand in de directe omgeving als spion veroordeeld en gefusilleerd. Het gaat waarschijnlijk om de Hongaar “Istvan Büro“. Leeftijd: 30 jaar. Lengte: 180 cm. Locatie van executie 1945: in het weiland van destijds in Zurich woonachtige gebroeders Tjeerdema. In juni 1948 is het veldgraf geopend en zijn de stoffelijke resten herbegraven in graf STA-1-11 te IJsselsteyn als onbekende. Bron: Ministerie van Defensie.
    In het oorlogsverslag van de Canadese Queen’s Own Rifles over hun opmars in Noord-Nederland 1945 is niets terug te vinden van de executie van Istvan Büro (Zürich) en de jonge Duitser/Oostenrijker (Pingjum).
  15. Dagboek ‘Bevrijding van Pingjum’ van Douwe (Jochums) Sieswerda, 15-18 april 1945, archief J.J. Sieswerda.

Kontakt mei de webbehearder: klik hjirre