III. 1945 – hjoed

WEROPBOU, GEARWURKING YN IT ÛNDERWIIS, ARGEOLOGY, RIENTS GRATAMA

By de wederopbou fan de swier skansearre eastrâne fan it doarp, hat de reparaasje amper ynfloed hawn op de doarpsstruktuer. Fierders fynt der yn dizze konstruktive perioade útwreiding plak oan de noardwest side fan de doarpskearn. It doarpslibben ynklusyf Zanglust (sjoch ôfbylding 31a, mei tank oan mevr. Assies-Feenstra) komt mei de skrik frei; de oarloch en de besetting is lokkich foarby.

Zanglust Penjum - 5 mei 1945
Zanglust – 5 maaie 1945

Yn 1953 moatte der in nije iepenbiere skoalle en in kristlike skoalle boud wurde. De gemeente lit ien gebou del sette. Op de iene muorre stiet ‘School met de Bijbel’ en op de oare ‘Openbaar Onderwijs’. Elk part hat syn eigen yngong en boartersplak, mar it gimmestyklokaal en de cv is mienskiplik. De gearwurking yn dizze kompromis-skoalle is poerbêst.

Nije argeologyske fynsten wurde publisearre, lykas:

Jaargang 1960 van het Nieuws Bulletin Koninklijke Nederlandse Oudheidkundige Bond (afl.5, archeol. nws.7759a side 264) berjochtet:

”Bij het egaliseren van een kleine, niet meer bebouwde woonstede onder Pingjum bleek, dat deze was gegrondvest op een klein terpje. Er konden dankzij de activiteiten van de heer P. Postma jr. nog een aantal vondsten worden verzameld en waarnemingen worden gedaan. Uit het gevondene blijkt, dat het terpje vermoedelijk omstreeks het begin der jaartelling werd verlaten en sedert de Middeleeuwen weer opnieuw bewoond was. Tot het oudste materiaal behoort een fragment van een vuurstenen sikkel en scherven van terpaardewerk met gefacetteerde en kartelrand. Een fraaie, 4½ cm grote speelschijf van leisteen kwam mede aan het licht.”

Jaargang 1961 van het Nieuws Bulletin Koninklijke Nederlandse Oudheidkundige Bond (afl.2, archeol. nws.7759a side 123) publisearret:

”Te en rond Pingjum verzamelde de heer P. Postma jr. weer een hoeveelheid scherven, die de documentaire kennis van het grondgebied rond deze plaats in verheugende mate aanvult. Op verschillende punten werd Frankisch aardewerk verzameld en op één plaats terra sigillata. Een en ander rond het begin onzer jaartelling te dateren terpaardewerk.”

Jaargang 1962 van het Nieuws Bulletin Koninklijke Nederlandse Oudheidkundige Bond (afl.12, archeol. nws.7759a side 186) meldt:

Bij het maken van een kalkput op het kerkhof te Pingjum ten behoeve van de torenrestauratie werd op 2.5 m afstand van de zuidelijke torenmuur een zandstenen sarcofaag gevonden van licht trogvormig model, geheel onversierd, maar wel met rolstaven in de hoeken (type III volgens Martin, 1957). De kist mat buitenwerks ruim 2 m en was vervaardigd van gele Bentheimer zandsteen en afgedekt met enige niet bij elkaar behorende brokken van rode zandstenen onversierde deksels. Volgens mededeling van de vinders bevonden zich enige schedelresten en andere skeletfragmenten van één individu in de kist. De kist was evenwijdig met de torenmuur juist aan de westzijde van de muur van het schip geplaatst en bevond zich vrijwel zeker nog op de oorspronkelijke plaats.”

Mids jierren sechtich ferskynt letterlik en figuerlik de kleinkunstenaar Rients Gratama op it toaniel. Gratama – ferbûn mei de Amsterdams Kleinkunstacademie – is in teaterman mei gânse kanten, dêr ’t hy op it poadium mei yn de skynljochten komt te stean. Hy krijt in bulte oandacht en rûnom greate wurdearing yn in soad genres: revue, liet & kabaret, ferdivedaasje, one man show, toaniel, TV searje, reklamespot, musical (skriuwer en akteur) film en tydlike produksjes lykas: Simmer 2000, Thialf Stjerre jûn, muzykútfiering mei it musykkorps “de Bazuin” fan Oentjserk en ‘Kening Lear’ mei Tryater).

Yn B. Boersma “101 markante Friezen van de twintigste eeuw” lêze wy de utering fan de teaterman: “It Frysk sit tichter op myn hert en dus kin ik myn wurk better dwaan as dat yn it Frysk giet”. Fierderop komme wy syn utlittings tsjin: “Sels te sosjaal ynsteld te wêzen foar it neat mijend Hollânske kabaret.” en “Ik hâld dingen tsjin it ljocht, knoei der wat mei om en meitsje se op dy manier ferrassend.”

Yn de midsjierren santich is der oan de súdwest kant fan de grutte Buorren in oantal wenten boud oant de ‘âld haven’. 1 Yn de jierren tachtich falt it lân om Penjum hinne ûnder de yngripende ruilferkaveling ‘Wûnseradiel Noard’. 2 It doarp sels krijt opnij klassyke stoepen mei klinkerts yn stee van nijmoadrige troittoirs mei tegels.

Ein jierren njoggentich is Penjum in favorite festigingsplak wurden fan withoe folle ‘ymport’ kleurriche lytse kultuer-undernimmers, lykas skilders, byldhouwers, edelsmidden, fotografen, filmers, musisy, teatermakkers, ûntwerpers en sjongers. Mar ek in protte doarpsbewenners fertsjinje njonkenlytsen de kost bûten it doarp, soms oan ‘e oare kant fan de Ofslútdyk.

afb. 30 - kerktoren anno 1999
Ofb. 30 – tsjerketoer Penjum 1999

Op 1 januaris 1998 hat neffens teletekst van Omrop Fryslân de gemeente Wûnseradiel mei in oerflakte fan 317.69 km²: , 27 doarpen en 11.444 ynwenners. In pear Penjumers rûze it ynwennertal fan har doarp anno 1998 op sawat 500. Ein 1999 slút de lêste (bakkers)winkel anneks bakkerij foargoed de doar. De twa midsieuske toerklokken dogge der foarearst fanôf har foarname plak fia de galmgatten (sjoch ôfbylding 30) net it swijen ta en betsjutte in konstante op ‘e  tiidbalke fan it doarp, dat 2 millennia lyn ûntstien is op ‘e súdlike kwelderrêch fan de Mjenje.

Yn 2011 giet Penjum op yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân: in fúzjegemeente ûntstien út in gearfoeging fan de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wûnseradiel en Wymbritseradiel. It stêdhûs stiet net mear yn Wytmarsum, mar yn Snits. Neffens de statistiken fan it CBS telt Penjum yn 2012 460 ynwenners.

Voetnoten:

  1. Rijksdienst van de Monumentenzorg, Pingjum, gemeente Wûnseradiel, beschermde dorps- en stadsgezichten, 1988
  2. Osinga, A. & Bakker, H., tusken Vinea en Aggema, side 199

Kontact mei de webbehearder: klik hjirre

Advertenties