oant 500 A.D.

De earste fiif ieuwen nei it begjin fan de jiertelling

It doarp Penjum leit 8 kilometer ten súdeasten fan Harns. Ut Boalsert sjoen leit it op 2 oere yn noardwesten (sjoch ôfbylding 1, út: Brouwer, J.H. e.a., Encyclopedie van Friesland, MCMLVIII, side 699). It doarp leit tegearre mei de doarpen Arum, Wytmarsum en Kimswert yn it uterste noarden fan de gemeente Súdwest-Fryslân (foarhinne: gemeente Wûnseradiel) yn in fruchtbere streek, dy’t de ‘lytse bouhoeke‘ neamd wurdt.

Ligging van Pingjum
Ofb. 1: Lizzing fan Penjum

Ligging Pingjum (ingezoomd)
Ofb. 1a: Lizzing fan Penjum (ynzoomd)

Njonken de namme Penjum, komt men ek tsjin Pingium, Pingum of Pennigum, Peeninghum (lykas Minne Symens dat skriuwt) en eartiids Pijanghum. It Frysk is Penjum: in “um”-namme út Penningaheem. De útgong ”um” ferwiist nei “heem”, it Fryske “hiem” en is yn Fryslân – dêr’t teminsten 224 plaknammen mei de “um” útgong wêze – wol faker ferbûn mei in tige âlde en net mear yn libben gebrûk persoansnamme. 2

Penjum hat, sjoen de ierdewurkfynsten, bewenning fan it begjin fan ús jiertelling. 3 De delsetting leit op ‘e súdlike kwelderrêch fan de Mjenje(Marne)slenk, in sea-earm fan de Waadsee, dy’t har fan de ‘Flystream’ nei it easten útstekt oant de Middelsee (sjoch ôfbylding 2, boarne: Brouwer, J.H. e.a., Encyclopedie van Friesland, MCMLVIII, side 77). 4 Der is beheinde bou mooglik fanwegen de boaiemstruktuer (‘savel’) en de natuerlike ôfwettering. Boppedat binne de Waadsee en de kwelders in oantreklik gebiet om te eksploitearjen fanwege ûnder mear de fûgelfangst, de fiskerij en de robbejacht.

Ofb. 2: de Mjenje-/Marneslenk

Ofb 2a: de Mjenje-/Marneslenk (ynzoomd)

In oare boarne makket gewach dat:

“dat de terp van Pingjum waarschijnlijk dateert van vóór de jaartelling, getuige de vondst van een Romeins Mercuriusbeeldje bij een terpafgraving in de 19e eeuw. Door de toenemende wateroverlast is de terp echter nadien weer verlaten en vermoedelijk na de postRomeinse transgressiefase weer in gebruik genomen.” 5

sadat de permaninte bewenning fan it doarp as in agraryske delsetting fan de 5e ieu nei Kristus is en it doarp troch regelmjittige oerstreamings ûntwikkelje kin ta in terpdoarp. 6 Dat stânpunt wurdt befêstige troch in oare skriuwer:

”uit het gevondene blijkt, dat de terp vermoedelijk ca. het begin van de jaartelling werd verlaten en sedert de Middeleeuwen weer opnieuw bewoond was.” 7

Tufstien wurdt as boumateriaal sunich brûkt fanôf de 11e ieu. Bakstien is earst yn de 12e ieu of nei alle gedachten yn de 13e ieu yntrodusearre: dêrom dat wy yn it earste milennium allinne gebouwen tsjinkomme sille mei muorren fan planken en peallen, al dan net mei liem oansmarre flechtwurk of fan seadden bekroand troch reidtek. 8

De troch opgravingen opsmiten min oantal hûsplattegrûnen út de tiid fan nei it begjin fan ‘e jiertelling docht it fermoeden, dat de Fryske huzen net ôfwike fan it byld út opgravingen op oare plakken. Karakteristyk is it lange wen-/stalhûs, mei yn it wenpart in hurd en soms in wand dy’t it yn twa keamers ferdielt. In soad pleatsen hawwe trije duorren: twa tsjinoer elkoar yn de lange muorren, op ‘e grins fan wen- en staldiel en ien yn de koarte muorre fan it staldiel. Opslach fynt plak foar in part yn it wendiel en foar in part yn bygebouwen.

Fuotnoaten:

  1. Brouwer, J.H. e.a., Encyclopedie van Friesland, MCMLVIII, side 699
  2. Aa, A.J. v/d, Aardrijkskundig Woordenboek der Nederlanden, side 187
    Brouwer, J.H. e.a., Encyclopedie van Friesland, MCMLVIII, side 524 en side 635
  3. Nws.bulletin kon.ned.oudheidk.bond 1961, afl. 2, archeol.nws 7759a side 123
  4. Brouwer, J.H. e.a., Encyclopedie van Friesland, MCMLVIII, side 77
  5. Harlinger Courant, dd 8-10-1965 Vj 34, Pingjum: dorpje met ’n rijke geschiedenis
  6. Monumentenzorg, rijksdienst van de, Pingjum beschermde stads- en dorpsgezichten, gemeente Wûnseradiel, 1988
  7. Nws.bulletin kon.ned.oudheidk.bond 1960, afl.5, archeol.nws 7759a, side 264, aardewerkvondsten in een kleine terp onder Pingjum
  8. Bos, Jurjen M., Archeologie van Friesland, 1955, side 113
Advertenties